Aksje Frije Fryske Grûn

freed 15 jannewaris 2010

ritaverdonkDe foarsitter fan de ôfdieling It Hearrenfean fan ‘Trots op Nederland’ (TON) moat iepentlik ôfstân dwaan fan de útspraken fan Rita Verdonk, is it betinken fan de ‘Frije Fryske Grûn’. Verdonk wol de Provinsje opheffe en dy allinnich noch in symboalyske status jaan.

Yn Fryslân hat TON allinnich op It Hearrenfean in ôfdieling. As de Feanster foarsitter fan TON net ôfstân nimt fan de útspraken, dan sil de Frije Fryske Grûn alle posters en buorden fan TON op It Hearrenfean fuorthelje.

Sjoch ek: http://www.frijefryskegrun.tk/

Ek sjen:

  1. Frije Fryske Grûn wol autonomy foar Fryslân
  2. Frije Fryske Grûn jout in reaksje
  3. Frije Fryske Grûn ferklearret
  4. FFG komt tasizzing nei!
  5. Fryske en Stellingwerver boeke-aksje

4 reaksjes op “Aksje Frije Fryske Grûn”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Cornelis van der Wal, Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Aksje Frije Fryske Grûn: De foarsitter fan ‘Trots op Nederland’ (Ton) moat fan de Frije Fryske Grûn iepentlik ôfst… http://bit.ly/5f7Rbh [...]


  2. Erik
    16 jannewaris 2010 13:15

    Tsja, Nederlânske nasjonalisten (better sein Hollânferearders) en Fryske aksjegroepen, dêr wie wat mei……. Ik leau dat soks in ‘bytsje’ botst. Ik kin de Frije Fryske Grûn gjin ûngelyk jaan.


  3. Erik
    16 jannewaris 2010 13:22

    Ik ha krekt it filmke sjoen. Hja kinne noch wol in kursus Frysk ferneare. Dy stikken út ‘Braveheart’ en dy doedelsek hie om my net hoecht. Mar goed, Steven de Jong wurket oan in nije film oer Kening Redbad. Wie it net sa dat Bernlef in kursus Frysk jaan woe??? Steven de Jong (makker fan de Kameleon) en Bernelf, dêr wie ek wat mei……


  4. Lútsen
    16 jannewaris 2010 20:37

    Wa binne dizze minsken fan FFG? Ik hie noch net earder fan dizze klup heard. As ik yn sa’n lyts filmke mei sa’n bytsje tekst al in tweintichtal flaters lês, jout dat op my gjin goede yndruk. En wat sil dat mei dy Skotten? In nuver fergelyk. Frije Fryske Grûn? ‘Grutsk op Fryslân’ harket folle sympatiker. Wat moatte wy hjirmei?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic