Alvestêdekoarts: hotel hast fol

tongersdei 7 jannewaris 2010

alvestedetochtIt friest yn Nederlân en dat betsjut Alvestêdekoarts. Yn Fryslân wurde sels al hotelkeamers reservearre foar it gefal dat de tocht by de alve Fryske stêden lâns riden wurde sil. Chris van der Leij fan hotel ’t Anker yn Ljouwert kin dêr yn meistimme : “Ik sit al hast fol.”
’t Anker hat plak foar sechstich gasten, mar 53 plakken binne al fersein. “Ik kin allinich bêden garandearje”, sa ferklearret Van der Leij. It kin dus wêze dat ûnbekenden byelkoar op in keamer komme te lizzen.
Van der Leij makke al trije kear earder in Alvestêdetocht mei. “As de tocht der tochten út ein set, dan leit Ljouwert foar de rest op ’e kont”, sa sprekt er út ûnderfining.
Hûs
Mar hoe sit it dan mei de minsken dy’t bygelyks tafallich yn de Alvestêdetochtperioade in ‘wykeintsje fuort’ boekt hawwe? “Ik haw altyd in lytse marzje, dus in hotelkeamer krije se wol. Dêrnjonken wenje ik sels boppe it hotel, dus myn hûs kin yn gefal fan need ek noch brûkt wurde.”
Oer it trochgean fan de Alvestêdetocht twivelet Van der Leij. “It friest net sa hurd. We hawwe yn alle gefallen wol ferlet fan tsien dagen mei strange froast. Fannacht wie it hjir min fiif en der falt noch hieltyd snie. It iis groeit net sa rap.”

Ek sjen:

  1. Bom yn hotel Kopenhagen
  2. Welsk prate ferbean yn hotel
  3. Bin Laden Groep bout hotel fan in kilometer
  4. Tryater kin hast wer rom sykhelje
  5. Hast in tredde skriuwt al Frysk

1 reaksje op “Alvestêdekoarts: hotel hast fol”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door jeltine, Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Alvestêdekoarts: hotel hast fol: It friest yn Nederlân en dat betsjut Alvestêdekoarts. Yn Fryslân wurde sels al.. http://bit.ly/4wjiBM [...]

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic