Amearika nimt maatregels tsjin Sina
sneon 2 jannewaris 2010
Amearika hat hegere ynfierheffings ynfierd op stielen buizen út Sina. De maatregel set de hannelsbetrekkings tusken Amearika en Sina fierder ûnder druk. Neffens de Amerikaanske hannelskommisje hat de Amerikaanske yndustry der skea fan trochdat de subsidiearre buizen út Sina de merk slim bedjerre. It Amerikaanske ministearje fan Hannel liet foarige moanne witte in ekstra heffing fan 10 oant 15 prosint oplizze te wollen op Sineeske stielen buizen dy’t brûkt wurde foar it leverjen fan oalje en gas. Neffens it ministearje naam de ynfier fan stielen buizen út Sina tusken 2006 en 2008 mei goed 200 prosint ta. Nei klachten út de Amerikaanske stielyndustry stelde it ministearje in ûndersyk yn. De útspraak fan de kommisje makket it paad foar de ekstra heffing frij. Mar dy set ek de hannelsbetrekkings tusken de Feriene Steaten en Sina fierder ûnder druk. Yn septimber kundige Washington in ferheging fan de ynfierbelesting op bannen út Sina oan om de eigen yndustry te beskermjen. In lulk Sina tsjinne doe in klacht yn by de wrâldhannelsorganisaasje WTO. It lân stelde ek in ûndersyk yn nei de mooglike ûnearlike hannelspraktiken by it ynfieren fan auto-ûnderdielen en hinnefleis ús de Feriene Steaten.
Ek sjen:
- Sina lulk op ‘e FS PEKING – Sina is grimmitich op de Feriene Steaten omdat...
- Sina eksportearret mear as Dútslân Sina sil Dútslân dit jear nei ferwachting ynhelje as de...
- FN-maatregels tsjin Gadaffy NEW YORK – De libyske foaroanman Mohammed Gadaffy en syn...
- Ruslân en Sina sjogge Iran no ek as driging HONOLÛLÛ – Neffens de Amerikaanske presidint Barack Obama binne Ruslân...
- Sina yn it hielal Doe’t Sina yn 2007 in anty-satellyt raket teste, wie it...









Erik
2 jannewaris 2010 15:58
Ik soe net sizze wolle dat de Amerikanen gjin gelyk ha. It lân beskermet syn eigen ynterne yndustry. Nei myn miening is dit in dúdlik foarbyld fan it ferskil tusken de Feriene Steaten en Europa. De Europeeske Uny is nei myn miening noch te swak om sokke besluten troch te setten. Dat betsjut net dat de Europeeske Uny net like sterk wêze kin as de Feriene Steaten. Ik soe hast wol pleitsje wolle foar in Europeeske presidint en in Europeesk leger. Europa moat hieltyd mear in lân wurde, mei each foar de regio! Neffens my is soks krekt goed foar Fryslân, want hieltyd de hân ophâlde nei Den Haach, dêr krije jo in lamme earm fan.