Bijen ferbaarnd

snein 31 jannewaris 2010

bijenFoar de twadde kear yn koarte tiid is ymker Pim Lemmers it slachtoffer wurden fan ûnbekenden dy’t it op syn bijen fersjoen hawwe. Hy waard belle dat de heasouder op bernebuorkerij ’t Molentje yn Heemskerk yn de brân stie. Op de souder stienen syn bijekasten. Tûzenen bijen binne ferbaarnd. De ynsekten koenen gjin kant op. De oansleine ymker moast tasjen hoe’t de brânwacht besocht om safolle mooglik spul te reden.

Yn wike foar dizze brân waarden troch fandalen fan de heasouder ôf sa’n hûndert striebalen op syn bijekasten goaid. De bijekasten wienen swier skansearre en de bijen kamen troch befriezing om it libben.

Lemmers fynt it ferskriklik. De polysje hat gjin idee wa’t it dien hat.

Ek sjen:

  1. Bijen rêden troch de VVD?
  2. Huningbijen noch aktyf
  3. Michje feroaret bijen yn sombys
  4. Stjoermêst in bedriging foar bijen?
  5. Pleats Allingawier útbaarnd

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic