‘Biografie en Arbeidersbeweging’
tongersdei 21 jannewaris 2010
Bysûnder dûbelnûmer fan It Beaken
‘Biografie en Arbeidersbeweging’ is it krekt ferskynde temanûmer fan It Beaken, it tydskrift fan de Fryske Akademy te Ljouwert. Foar likernôch de helte bestiet it nûmer út de delslach fan it ôfskiedssympoasium fan histoarikus Johan Frieswijk by de Fryske Akademy. It keazen tema slút oan by de reade tried yn syn wurk: ûndersyk dwaan nei regionale kaaifigueren fan it sosjalisme yn Fryslân.
Johan Frieswijk sels skriuwt yn it nûmer oer de biografyske skiedskriuwing en de Fryske arbeidersbeweging.
Dêrnei wurdt omtinken jûn oan ‘de grutte twa’ fan it Nederlânsk sosjalisme: Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Pieter Jelles Troelstra. Jan Willem Stutje en Yme Kuiper, beide ferbûn oan de Rijksuniversiteit Groningen, beljochtsje yn harren artikel oer Domela Nieuwenhuis nije garismatyske aspekten yn syn optreden en liederskip.
Piet Hagen, wa syn biografy fan Pieter Jelles Troelstra op 18 febrewaris 2010 ferskynt, skriuwt oer Troelstra as Fries, Nederlanner en ynternasjonalist.
Nieuwenhuis en Troelstra sels diskusjearje mei-inoar oer de sosjalistyske begjinsels, yn in wiidweidich ferslach fan ien fan harren iepenbiere diskusjes, dêr’t net safolle fan west hawwe.
As lêste sketst Rients Faber it libben fan Sjoerd Talsma, klokmakker út Berltsum, dy’t op tal fan sosjalistyske gearkomsten foardrachten fersoarge.
It Beaken
Tydskrift fan de Fryske Akademy
Jiergong 71, 2009, nûmer 1/2
Temanûmer ‘Biografie en Arbeidersbeweging’
Gastredaksje: Kerst Huisman, Yme Kuiper (foarsitter), Willem Visser en Geart de Vries.
176 siden. Priis: € 17,50 foar losse nûmers. € 45,00 foar in abonnemint (4 nûmers yn it jier).
Ek sjen:










www.ensafh.nl
21 jannewaris 2010 17:13
[...] Lês fierder by It Nijs [...]
jabik
24 jannewaris 2010 11:42
Werom soe dit hiele nûmer no yn it Hollânsk moatte. Is dit it nije belied fan de Akademy dêr’t gjin plak mear is foar it Frysk as it der echt op oan komt? Dit kin nea de bedoeling west ha fan de oprjochters fan de Akademy yn de tritiger jierren fan de foarige ieu.