Brief út 1795 fan Fries

snein 31 jannewaris 2010

alde briefYn Emmen is in bysûndere brief fûn dy’t op 19 maart 1795 skreaun is. Yn de brief wurdt sprutsen oer de nije regearing fan dy tiid. In ôffurdiging fan de Universiteit fan Amsterdam achte de brief sa nijsgjirrich dat se him bestudearje wolle.

De brief siet yn in âld boek dat Herman Platzer út Emmen tritich jier lyn op in feiling yn Haarlem kocht. Hy is skreaun troch de Fryske predikant Marten Martens. Fan Martens binne ek al oare brieven bekend. Dy brieven binne yn 2005 sammele yn it boek “Ik heb het grootste doel mijner aardsche bestemming bereikt”. De brief dy’t no fûn is stiet net yn it boek.
Platz hat de brief oan de biblioteek fan de Universiteit fan Amsterdam skonken. Begjin 2011 wurdt de brief útstald.

Ek sjen:

  1. Yn De Haach ha jo wat te sizzen
  2. Versloot nije perfester Frysk
  3. Stellen brief Descartes werfûn
  4. Oankeapplan Fries Museum
  5. Fries en Limburger binne mankelyk

8 reaksjes op “Brief út 1795 fan Fries”


  1. Erik
    1 febrewaris 2010 21:16

    Is it brief op syn minst yn it Frysk?


  2. Jabik
    2 febrewaris 2010 09:15

    It is Ingels.


  3. Jelmer
    2 febrewaris 2010 16:55

    Hearkes, wat in ûndúdlik hânskrift… ik leau ek dat it Ingelsk is…


  4. carla
    7 febrewaris 2010 12:32

    De brief is in oud hollands geschreven!!


  5. redaksje
    7 febrewaris 2010 14:20

    Wy fan de redaksje sille earlik wêze. De ôfbylding dy’t by dizze tekst heart is net de ôfbylding fan de brief dy’t fûn is. Dizze ôfbylding wie net te krijen, derom hawwe wy dizze brûkt. It is mear in idee hoe’t de brief derút sjocht.


  6. Jelmer
    7 febrewaris 2010 21:31

    @redaksje: moai dat jim it earlik tajouwe! en wat my oanbelanget is it jim ferjûn.


  7. Tonko Engelsman
    8 febrewaris 2010 11:18

    Geachte redactie,

    Als jullie echt verlegen zitten om een stuk originele tekst van de brief dan kan ik die wel aan de redactie leveren. De ‘brief’ bestaat in werkelijkheid uit anderhalve brief en is in het Nedetrlands geschreven. De ‘brief’ is nog unieker dan eerst gedacht.

    Tonko Engelsman


  8. Redaksje
    8 febrewaris 2010 12:02

    Achte hear Engelsman.

    As jo wolle, stjoer de tekst mar op. info@fryskebeweging.nl

    Tige tank.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic