‘De Priester’ fan Conny Palmen
tongersdei 21 jannewaris 2010
Doe’t ik noch lesjoech hie ik in protte sukses mei it útlizzen fan literêr wurk as wie it in dream. Omdat it tema my rekket, wol ik dat hjir dwaan mei ‘De Priester’ fan Conny Palmen.
Om te begjinnen: alles watsto dreamt/skriuwst bisto sels. Ast mei de auto bist, dan hast sels it stjoer yn hannen. Ast op de fyts bist, dan stjoerst ek sels, mar dan giet it net sa hurd.
Yn ‘De Priester’ giet de studinte filosofy mei de trein. Dat stiet dan foar de mienskip. De ik-figuer moat beskôge wurde as in part fan de mienskip.
Sy siket in preester-filosoof op dy’t hiel ferneamd is, mar net de uterlike skientme hat dy’t de ik ferwachtet. Hy is hiel kwetsber en oandwaanlik ûnsjoch: hy is lyts, hat in bochel en in dikke bril. De twa fine elkoar op it filosofyske mêd, en, as se tegearre út iten west ha, kin de ik har oerjaan oan it waarme en de oprjochte gefoel fan de filosoof.
As de man har letter yn har eigen hûs opsiket, lûkt de ik har werom en de ein is rjochtút walchlik, ek yn de gedachten fan de ik.
It gefoel is altyd de frou, de man is de ratio, dy’t hjir ferneamd en fantastysk is.
It uterlik moat der yn dit ferhaal wol hiel bot ûnder lije. De mislearre kant – hjir it uterlik en it gefoelslibben fan de preester – wurdt net wurdearre, as men dy sjen lit. Mei in gleske wyn giet it noch, mar it gefoel fan waarmte dat ik earst hie by de beskriuwing fan de kwetsbere preester-filosoof as minske, wurdt stikken makke yn de twadde helte fan it ferhaal.
Omdat it hjir om literêr wurk giet en net om in dream, wol ik it net te persoanlik meitsje.
Ik beskôgje dit lytse boekje as in werjefte fan it karakter fan ús maatskippij.
Hjir yn ’e westerske wrâld is de noarm it yntellekt, de ratio, dy wurdt ferhearlike. Wa’t kwetsber is yn syn minske-wêzen, en smeekt om de leafde dêr’t er te min fan krigen hat yn syn libben, stjit op in – hjir sterk útfergrutte – walging.
Conny Palmen, De Priester. Bruna, €1,50.
Klaske Hiemstra
Ek sjen:










www.ensafh.nl
21 jannewaris 2010 20:03
[...] Lês fierder wat Klaske Hiemstra skriuwt op It Nijs [...]