EU en de stille auto

moandei 11 jannewaris 2010

Auto stilStille elektryske weinen sille dochs op ien of oare wize lûd meitsje moatte. Europeesk Kommissaris Günter Verheugen (yndustry) hat dat antwurde op skriftlike fragen fan de Belgyske Europarlemintariër Ivo Belet.
It docht bliken dat stille auto’s te ûnfeilich binne. Neffens de kristendemokraat Belet barre der relatyf in soad ûngemakken mei hybride weinen trochdat lju op ‘e dyk se net oankommen hearre. De Europeeske Kommisje is har ek bewust fan ‘potinsjele feilichheidsrisiko’s as stille weinen, lykas hybride en elektryske auto’s, net op ‘e tiid troch fuotgongers en oare kwetsbere ferkearsdielnimmers opmurken wurde’, skriuwt Verheugen.
In wurkgroep sil in lûdssysteem ûntwikkelje dêr’t minsken op ‘e dyk har in goed oardiel mei foarmje kinne oer it plak, de rjochting en de faasje fan rydtugen om gefaar te mijen’, mient de eurokommissaris.

Ek sjen:

  1. Boardkompjûter yn auto is te kreakjen SANTA CLARA – Kompjûterbefeiliger McAfee, benammen bekend fan syn firusscanners,...
  2. Swiere Ierdskok yn Stille Oseaan WELLINGTON – Yn de Stille Oseaan, sa’n tûzen kilometer noardlik...
  3. Stille tocht foar Eeuwke Reidsma LJOUWERT – Fyftich minsken hawwe tongersdei yn Ljouwert meirûn yn...
  4. Toyota lit gefaarlike auto trochride WASHINGTON – Autofabrikant Toyota moat yn de Feriene Steaten in...
  5. Parys lit elektryske auto’s diele Yn it besykjen om de luchtfersmoarging yn de stêd te...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic