Ferbod porno yn deiboek Anne Frank
snein 17 jannewaris 2010
MILAAN – It lêzen fan it folsleine deiboek fan Anne Frank op Italiaanske basisskoallen moat ferbean wurde omdat it wurk fan dat Joadske famke ‘pornografyske siden’ befettet.
Dat easket lid fan it parlemint Paolo Grimoldi fan de regearpartij Lega Noard yn in tynge oan minister fan ûnderwiis Mariastella Gelmini. In basisskoalle yn Usmate Velate yn de regio Lombardije liet 9-jierrige bern it hiele deiboek lêze, dêr’t Anne Frank ek yn útkomt oer har seksualiteit. “Der is in part dêr’t Anne Frank op details fan har yntime lichemsdielen yngiet”, sa seit de middenrjochtse politikus. De beskriuwing liket te bot, dat de bern krije sûnder mis betizingen.”
De direkteur fan de basisskoalle is net ûnder de yndruk fan dy krityk. “My tinkt dat de minister fan ûnderwiis wichtigere dingen hat dêr’t se mei dwaande wêze moatte soe”, neffens Claudio Redaelli freed yn ’e krante La Repubblica. Neffens him is it deiboek fan Anne Frank ûnskuldich en de tv-sjende bern fan de 21e ieu binne hiel wat oars wend
Ek sjen:









