Firefox 3.6 beskikber

tongersdei 21 jannewaris
Firefox 3.6

Firefox 3.6

Tongersdei 21 jannewaris is de nijste ferzje fan de browser (ynternetsneuper) Firefox 3.6 beskikber kommen.  Neist de ûndersteande fernijings en ferbetterings, hat it Fryske team wer taalferbetterings makke nei oanlieding fan meldingen fan brûkers fan de Fryske ferzje. Hawwe jo ek al ris in taalflater sjoen yn Firefox? Reagearje dan op dit artikel of gean nei it Fryske blog oer Mozilla-programma’s en sy sille it sa gau as mooglik ferbetterje. Dat jild ek foar de juster fernijde ferzje fan it e-mailprogramma Thunderbird 3.

Wat is der nij yn ferzje 3.6:

  • Personas: om it úterlik fan Firefox nei eigen sin te feroarjen, selektearje dan in nij tema mei de namme “Personas” troch ien klik en sûnder op ‘e nij op te starten
  • Ynstekkers fernije: om jo te befeiligjen tsjin potinsjele feilichheids-kwetsberens, ynformearret Firefox jo no oer âlde ynstekkers, lykas Adobe Flash, Java of Quicktime
  • Stabiliteitsferbetterings: yn Firefox 3.6, is it tal software-ûngelokken lytser wurden trochdat software fan oaren op in oare manier mei Firefox gearwurket
  • Formulieroanfolling: as jo online in formulier ynfolje, sil Firefox ynformaasje foar fjilden foarstelle basearre op jo algemiene antwurden yn deselde fjilden

Wat is der ferbettere:

  • flugger opstarte
  • flugger iepenje fan ljepblêden
  • flugger resultaten út de bjusterbaarlike balke
  • fideo yn it iepen ogg-formaat kin no ôfspile wurde yn folslein skerm, byg. dy fan Firefox 5 jier
  • gruttere feilichheid

In oersicht fan de fernijings is te sjen yn in Ingelske fideo op mozilla.com.

De nijste ferzje is yn te laden fan mozilla.com.

Ek sjen:

  1. Firefox foar mobile telefoan
  2. Firefox 5 jier
  3. Frysk e-mailprogramma hast klear
  4. Fryslân-promoasje op wrâldekspo yn Kanada.
  5. Gjin stipe mear foar IE6

4 reaksjes op “Firefox 3.6 beskikber”


  1. Johan van Dijk
    23 jannewaris 2010 15:57

    Ik fyn dit in geweldich inisjatyf. De minsken dy’t dit allegear oersette hawwe fertsjinje in lintsje.


  2. Koos Tiemersma
    23 jannewaris 2010 16:47

    Is wier, it sjocht der geweldich út. Mar myn Thunderbird rûn nei de updeet fêst yn wachtwurden en wit ik wat, dat ik krige de mail net mear fuort. Binne der mear mei dy ûnderfining? Ik ha de âlde ferzje mar wer weromset, no wurket it wer.


  3. Erik
    24 jannewaris 2010 00:04

    Soks fertsjinnet seker in lokwinsk. @Koos, ik wachtsje wol efkes mei it fernijen oant de lêste bonkjes der út binne.


  4. Wim
    25 jannewaris 2010 09:45

    @Koos: dat is in bekend probleem. It hat te krijen mei dat de nije ferzje autentikaasje standert oanset wylst dat foar ferskate providers net nedich is.
    Gean yn TB3 nei Ekstra -> Accountynstellings… -> Utgeande tsjinner (SMTP), klik op de knop Bewurkje en dêr it finkje fuorthelje foar it gebrûk fan autentikaasje.
    Besykje it dan nochris.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic