Frije Fryske Grûn jout in reaksje
snein 17 jannewaris 2010
De Frije Fryske Grûn wol graach in reaksje jaan op it artikel yn de Hearrenfeanster krante.
_________________________
“Nederlân is mar in middelgrutte dielsteat fan Dútslân.” Verdonk wol in Fryslân dat foar in grut part bestjoerd wurdt troch net-Friezen. Yn har reaksje, publisearre yn de Hearrenfeanster Krante, seit hja op ’e nij dat se de Fryske bestjoerslaach fuorthelje wol. It kantoarke dat foar ‘oare provinsjale saken’ oerbliuwt, sil dan in soarte fan kultuerhûs wurde, dus mei in symboalyske funksje. Hja fertelt itselde misledigjende ferhaal dus no wer. Verdonk is ek o sa foar it Frysk mar wit skynber net hokfoar gefolgen it ferdwinen fan Fryslân foar it Frysk hat. Hawar, polityk tichtby de boarger troch it foech út Ljouwert nei De Haach ta te heljen, dat beart as skuorde klokken.
Foar ús is dit itselde as in Nederlân dat by Dútslân ynlive wurdt. Kwa formaat is Nederlân mar in middelgrutte dielsteat fan Dútslân. Beieren en Nedersaksen binne aardich grutter. Nederlân hat minder ynwenners as Nordrhein-Westfalen. Goed, bestjoerders út Brussel soenen sizze dat Nederlân dus mar gear moat mei Dútslân. Hja sizze der fansels by dat soks gjin gefolgen hat foar it Nederlânsk. De Nederlânske bern krije in oerke yn ’e wike Nederlânske les, en de taal fan bestjoer en media sil Dútsk wêze omdat de kommersjele Dútske stjoerders it Nederlânsk net rendabel fine. Soe TON it dêr ek mei lykfine kinne? It liket derop dat de Friezen, nei in jierrenlange emansipaasjestriid foar taal en folk, samar ferjitten wurde yn de megaplannen fan TON. Boppedat geane se der by TON samar fan út dat de Friezen har graach troch oare minsken bestjoere litte…. Krekt oarsom, út ûndersyk docht bliken dat 70 persint fan de Friezen leaver hat dat Fryslân mear foech krijt. Mei oare wurden, de Friezen wolle graach sels it eigen bestjoer kieze, en dat bestjoer mei om de Friezen wol wat mear foech ha.
De namme ‘Trots op Nederland’ jout ek al in yndikaasje fan wêr’t de partij foar stiet, de nasjonalistyske kant neist! Polityk net langer tichtby de boarger en de boarger oer syn eigen omjouwing kieze litte. De doelstellingen fan de partij fan Verdonk binne ûnbeskoft omdat se net nei it grutste diel fan de Fryske befolking harket.
Dêrom: Tschüß Verdonk. Wy Friezen kinne it sels wol!
Pier Schuurstra, Frije Fryske Grûn
Ek sjen:
- Aksje Frije Fryske Grûn De foarsitter fan de ôfdieling It Hearrenfean fan ‘Trots op...
- Frije Fryske Grûn wol autonomy foar Fryslân Frije Fryske Grûn wol autonomy foar Fryslân Akkrum – Yn...
- Frije Fryske Grûn ferklearret Pier Schuurstra de man efter FFG stjoert in fideoferklearring nei...
- FFG komt tasizzing nei! Ofrûne nacht, freed 22 jannewaris, is de Frije Fryske Grûn...
- Bernlef jout Fryske les Ynkoarten sil de Fryske Les by Bernlef wer fan start...









Tweets die vermelden Frije Fryske Grûn jout in reaksje | It Nijs -- Topsy.com
17 jannewaris 2010 22:31
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Cornelis van der Wal, Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Frije Fryske Grûn jout in reaksje: De Frije Fryske Grûn wol graach in reaksje jaan op it artikel wat is skreaun yn… http://bit.ly/75ypKJ [...]
Jabik
22 jannewaris 2010 12:32
Verdonk mei wol “trots op Nederland” wêze en elkenien it Hollânsk troch de strôt drukke mei syn rocheljende “g”. Oare talen wol Rita ferbiede yn dit lân. Friezen meie net Gruts op Fryslân wêze. Dêrom opheffe dy boel. Allegearre itselde Hollânske maatpakje oan. It is posityf dat se dit al foar de ferkiezings seit. Dan wit je wat foar fleis je yn de kûpe ha. Ek de oare grutte lanlike partijen binne net skin op ‘e hûd op dit mêd, om te begjinnen mei D66. Is de FNP dan de iennichste partij dy’t foar Fryslân opkomt?
K. Koopmans
22 jannewaris 2010 19:46
Verdonk jout har ‘bewegers’ in praatferbod (prate kostet € 1000. Joch har bewiging Rita mar in praatferbod, om my € 1000 it wurd.