Frijwilliger socht foar Gees

snein 10 jannewaris 2010

Ik haw der fannacht net fan slept.
No is Gees har freedtemiddei-frijwilliger kwyt.
Omdat ik sein haw wat der mis is by Talant, wurd ik behannele as haw ik de ferkearde dingen dien dy’t sy echt sels dogge.
Mar goed, ik kom der net mear yn.
No haw ik al faker murken dat er in soad minsken binne dy’t myn baantsjes graach oernimme, noch foar ik se opsein ha.
Mar dêrby gie it om jild en eare.
Asto mei Gees te kuieren giest, hat se gjin jild en eare foar dy.
Gees jout dy it kostberste dat der op ierde bestiet: leafde.
Bisto dy iene mei it goede hert en freedtemiddeis frij?
Kinsto goed ja/nee-fragen stelle en hâldsto fan in grapke?
As ik “Wy hawwe frij, mei de broek fol brij” song, wie ik bang dat se fergeat om te sykheljen.
As Gees lake, wie ik lokkich.
Sy hat my troch har laitsjen troch it swierste jier fan myn libben sleept.
Ik gun har oan dy, leave frou of man.
Jou dy mar gau op as frijwilliger.
Gees sil bliid mei dy wêze.

Ek sjen:

  1. Kertiermakker socht In protte organisaasjes yn Fryslân krigen juster in e-post fan...
  2. Friezen yn Egypte socht LJOUWERT – Omrop Fryslân is op ‘e syk nei Friezen...
  3. Nederlânsk jongereindichter socht GRINS – Bisto 16, 17 of 18 jier âld en...
  4. Twa ton foar Frysk Museum LJOUWERT – It Frysk Museum yn Ljouwert kriget twa ton...
  5. Keunst foar elk Dat der sa op keunst besunige wurdt, komt grif om’t...

1 reaksje op “Frijwilliger socht foar Gees”


  1. Klaske
    11 jannewaris 2010 18:10

    Der binne mear hanikapte minsken dy’t altyd bern bliuwe. Dy’t oa sa’n ferlet ha fan in bytsje oandacht en leafde. Ferjit se net. As ik kieze kin, ha ik leaver minsken mei in soad gefoel en wat minder harsens as minsken mei in soad harsens en hast gjin gefoel….

Realisaasje: Pronamic