Gedicht: tiid
freed 15 jannewaris 2010No mar ris in oare kant fan Klaske Hiemstra.
Dit gedicht wie net goed genôch foar de Skriuwerskalinder fan 2009.
as it tiid is, bisto te let
do hast alle tiid, al wit ik net
oftsto gelyk hast. my in byt
myn wachtsjend hier is dochs al wyt
och, wat de tiid ek jout
oan kribels, ûnnocht, argewaasje
it is ek sa dat er hieltyd bout
oan my, oan dy, oan ús relaasje:
do nimst de tiid; ik kin it seuren soms net litte
mar troch dyselde tiid kinn’ do en ik bestean
en troch de tiid kin ik in soad ferjitte
òf ferdraaie: skriuwerslean
no sil ik dy gau in bakje tee ynjitte
want de tiid, dy bliuwt net stean
Ek sjen:








