Geuzepinning foar fredesbemiddeler

sneon 9 jannewaris 2010

GeuzepenningDe Geuzepinning 2010 is oan de Ugandeeske fredesbemiddeler Betty Bigombe takend. Dat hat de stichting Geuzenverzet 1940 – 1945, dy’t de pinning útrikt, bekend makke. De útrikking fan ’e pinning sil op 13 maart yn Vlaardingen plakhawwe.

Neffens de stichting wurdt Bigombe oer de hiele wrâld erkend as ien fan ’e wichtichste ûnderhannelers yn it konflikt tusken it Ugandeeske regear en de rebellebeweging LRA. Sy ûnderhannele bygelyks persoanlik mei de lieders fan de LRA. En sokken binne mar tin siedde.

De Geuzepinning wurdt sûnt 1987 alle jierren útrikt oan minsken of organisaasjes dy’t harren ynset hawwe yn de striid foar demokrasy en tsjin diktatuer, rasisme en diskriminaasje.
Earder wûn ûnder oaren de Syryske minskerjochteferdigener Haytham al-Maleh de pinning.

De Syriër waard yn oktober troch de feilichheidstsjinst oppakt, neidat er in interview mei in ûnôfhinklike televysjestjoerder hân hie.
Minister fan Bûtenlânske Saken Maxime Verhagen (CDA) frege lêstendeis noch mei klam oan de Syryske presidint om Al-Maleh yn earsten frij te litten.

Ek sjen:

  1. Lof- en sofprijs foar it Nederlânsk AMSTERDAM – Kabaretier Herman Finkers hat de Lofprijs der Nederlandse...
  2. EU straft Syrië BRUSSEL – De Europeeske Uny stelt mei direkte yngong in...
  3. Taalprizen tsjin opkommend Ingelsk De Flaamske nijslêzeres Martine Tanghe (sjoch foto) hat de Lofprijs...
  4. Anfieterpries foar toanielselskip PeerGrouP ASSEN – It Nei Drents Geneutschap hat de Zoorholtpries foar it efterúthelpen...
  5. Boonpriis foar Reinhilde Decleir BRUSSEL – Aktrise en regisseuse Reinhilde Decleir hat dit jier...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic