Help oan HAÏTI rint fest
freed 15 jannewaris 2010Fleanfjild oerfol … Haven fernield … Help komt net fierder as haadstêd … Lulke ynwenners bouwe ‘barrikades fan liken’ … Wetter wurdt betelmiddel … Nederlânske helpflucht sette te let ôf
De help oan Haïti rint fêst omdat de dochs al swakke ynfrastruktuer fan it lân folslein fernield is. It fleanfjild is ferstoppe, de wegen ûnbegeanber en de haven is ûnbrûkber troch de ferwoastingen. Oerlibbenen stjerre op grutte skaal.

It Nederlânske helpfleantúch mei spesialisearre rêdingstiims oan board gong juster fanwegen fertraging mei fergunningen te let fuort út Eindhoven en moast útwike nei Curaçao omdat it fleanfjild fan Port-au-Prince sletten waard. Hoe’t de reddingswurkers it lân no berikke moatte is noch ûndúdlik.
De korrespondint fan de BBC docht ferslach fan de folsleine gaos en himeltergjende need. Liken yn de strjiten wurden mei bulldozers opromme, slachtoffers binne harren ried te’n ein. Jild is neat mear wurdich, wetter is no it betelmiddel, meldt in helpferliener. Wetter is troch de ramp amper foarhannen. In fotograaf fan Time meldt dat lulke Haïtianen yn de haadstêd barrikades fan liken opsmiten hawwe. It foar in part troch binden behearske Haïti ken in tige gewelddiedige skiednis. Yn Trouw fergeliket in Amerikaanske saakkundige it lân mei Somalië, ‘mar dan sûnder piraten’. De piraten ûntbrekke, omdat it lân sels foar harren de fasiliteiten net hat.
De Nederlânske sjoernalist Jean Mentens, korrespondint fan de Volkskrant, hat de ramp mar krekt oerlibbe. It hotel dêr’t hy yn wie, stoartte yn.
Op it helpnûmer Giro 555 is ûnderwilens 900.000 euro ynkommen
Ek sjen:
- Skip rint fêst yn Westerskelde TERNEUZEN – In binnenfeartskip blokkearret sûnt moandeitejûn in part fan...
- 200 boaten fêst op de Ryn Nederlânske bedriuwen begjinne sa stadichoan yn de problemen te kommen....
- Oaljelek rint út op ramp In grutte oaljesmet yn de Golf fan Meksiko bedriget de...
- Ferlamme aap rint wer TOKYO – Stamsellen iepenje nije doarren foar de medyske wittenskip....
- Libysk oproer rint oer de fûst TRIPOLY – De luchtmacht bombardearret Libyske demonstranten, trije stêden steane...








