Hubble-teleskoop makket foto’s

tongersdei 7 jannewaris 2010

hubble-telescopeDe Amerikaanske Hubble-teleskoop hat de ierste foto makke dy’t ea fan it universum nommen is – fan mar seishûndert miljoen jier nei de oerknal, doe’t it hielal noch yn syn beukertiid siet. Wittenskippers hawwe de foto tiisdei frijjûn. It is oant no ta de meast folsleine ôfbylding fan it iere universum mei inkelde fan de earste stjerrekloften. Dy jonge stjerrestelsels  hawwe noch net har karakteristike spiralisearjende foarm en binne folle lytser en blau fan kleur, omdat se noch gjin swiere metalen befetsje, seit astronoom Garth Illingworth fan de universiteit fan Kalifornië yn Santa Cruz. Ear’t de Hubble-teleskoop ferline jier opknapt en oanpast waard, koene astronomen oant njoggenhûndert jier nei de oerknal sjen. De Hubble hat fan grut belang west by it fêststellen fan de âldens fan it hielal op sa’n 13,7 miljard jier. Dochs kinne de alderearste stjerrestelsels noch net bestudearre wurde. Dêrfoar sil de romtefeartorganisaasje NASA in nij observatoarium brûke moatte, de fjouwer en in heal miljard kostjende James Webb-teleskoop, dy’t oer in jier of fjouwer lansearre wurdt.

Ek sjen:

  1. Hjoed 58 jier lyn: Edwin Hubble ferstoarn Edwin Powell Hubble (Marshfield (Missoury), 20 novimber 1889 – San...
  2. Fierste stjerrestelsel ea ûntdutsen Europeeske astronomen hawwe it fierste stjerrestelsel fûn oant no ta. Mei in...
  3. Hubble ûntdekt in wetterplaneet CAMBRIDGE – Op in ôfstân fan fjirtich ljochtjierren by de...
  4. Nobelpriis foar supernova-ûndersyk STOCKHOLM – De Nobelpriis foar Natuerkunde giet dit jier nei...
  5. God bestiet net OXFORD – De oerknal is te ferklearjen mei de wetten...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic