Human Dynamics blykt ûnsin
snein 3 jannewaris 2010Human Dynamics, de populêre kursus foar it wurkjen yn groepen, blykt oplichterij te wêzen. Dat skriuwt Rob Nanninga yn it nije nûmer fan Skepter. Wa’t de kursus folget, leart dat der ferskillende persoanlikheidstypen binne, dy’t elk op har eigen manier behannele wurde moatte. In protte Nederlânske personielsfunksjonarissen en ûnderwizers hawwe kursussen Human Dynamics folge. Oan hegeskoalle Windesheim yn Swolle is de kursus sels ûnderdiel fan in masteroplieding dy’t him rjochtet op bysûndere ferletten yn it ûnderwiis.
De organisatoaren fan de kursussen sizze dat dy wittenskiplik ûnderboud binne, mar dat is net wier. Neffens Nanninga is der gjin inkeld ûndersyk te finen dat de teory fan de kursus stipet. De betinkers fan de kursus hawwe har ideeën út esotearyske rûnten yn Amearika. Mear as spekulaasjes binne it net.
De boeken foar in kursus Human Dynamics kostje 2400 euro. De trening, dy’t twa dagen duorret, kostet 14.000 euro.
Klik hjir om it artikel fan Rob Nanninga te lêzen.
Ek sjen:









Tweets die vermelden Human Dynamics blykt ûnsin | It Nijs -- Topsy.com
3 maaie 2010 14:11
[...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging. Fryske Beweging heeft gezegd: Human Dynamics blykt ûnsin: Human Dynamics, de populêre kursus foar it wurkjen yn groepen, blykt oplichterij te wê… http://bit.ly/cfEFeZ [...]