It giet goed mei de amfibyen
freed 8 jannewaris 2010
Yn tsjinstelling ta de foarige ieu, giet it de lêste jierren best goed mei de measte soarten amfibyen yn ús lân. Dat konstatearret it NEM, Meetnet Amfibiën fan Stifting RAVON. Beskermingsmaatregels en ferbettering fan de wetterkwaliteit hawwe op de salamandersoarten in posityf effekt.
De oantallen fan de meast algemiene salamander fan Nederlân – de lytse wettersalamander – bliuwe stabyl. Dizze soarte wurdt yn 901 wetters folge. De meast resinte analyzes fan it NEM Meetnet Amfibiën geane oer it jier 2008. Foar it yn byld krijen fan de finpoatsalamander hat dat in goed jier west. De seldsume salamandersoart – dy’t allinnich yn Noard-Brabân en Limboarch te finen is – is faker sjoen as yn oare jierren. Dêrmei liket der in ein oan in delgong kommen te wêzen. It is te hoopjen dat de finpoatsalamander it yn de kommende jierren ek goed docht.
Ek sjen:
- It giet goed mei de sljochtfalk It giet goed mei de sljochtfalk yn Nederlân. Sa binne...
- It giet goed mei it Liwwarders Liwwarders skoart goed ûnder de jongerein. It popduo Ed Lip...
- Fryslân House giet goed Nei de iepening mei de Friesland Day yn septimber 2009...
- Ekonomyske delgong goed foar Dútske taal AMSTERDAM – De ekonomyske delgong hat in geunstige útwurking foar...
- Resesje goed foar miljeu De Europeeske lucht is de lêste jierren skjinner wurden, alteast...








