Man bekent goed fiiftich ynbraken
snein 17 jannewaris 2010
In 22-jierrige man út Swol hat de polysje inkelde tsientallen ynbraken bekend. It giet neffens de polysje yn alle gefallen om mear as fyftich ynbraken yn wenten en auto’s.
De fertochte is tongersdei oppakt op fertinking fan it stellen fan en it helen fan guod. Hy kaam by de polysje yn byld, nei’t ien fan de slachtoffers seach dat syn eigen spullen troch fertochte op it ynternet oanbean waarden.
Yn it hûs fan de man is fan alles oan stellen guod fûn. “De ynbraken hawwe ein foarich jier plakhân yn Swol’’, neffens in wurdfierster.
De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de man. De fertochte sit ynearsten fêst.
Ek sjen:









