Man op jierren jaget oerfallers fuort
snein 10 jannewaris 2010
Mei in gjalp “meitsje dat jim fuortkomme!” hat in man op jierren trije oerfallers mei in fjoerwapen op ’e flecht jage. De trije besochten om sneintejûn yn it hûs fan de 73-jierrige man yn Hellevoetsluis in oerfal te dwaan, neffens de plysje.
De man en syn frou wiene tegearre thús yn harren hûs oan de Mauritsplaats, doe’t er jûns om in oere as acht wat gerommel by de doar hearde. De twa tochten dat it har pake en beppesizzer wie dy’t der eefkes mei de hûn út soe.
Doe’t de man de doar iependie, seach er trije jonges stean. Neffens de plysje hie ien fan harren nei alle gedachten in fjoerwapen yn ’e hân. Doe’t de jonges dúdlik makken dat it om in oerfal gie, rôp de man dat se ophoepelje moasten.
De frou belle fuortendaliks 112. De plysjes koene de dieders lykwols net fine. De saak wurdt fierder ûndersocht.
Ek sjen:









