Menameradiel ferfrysket
sneon 9 jannewaris 2010
Mei yngong fan 1 jannewaris 2010 binne de adressen yn de gemeente Menameradiel feroare yn Fryske adressen. Dat is allegearre mei stille trom bard. De gemeente hat foar de boargers it allegearre hiel maklik makke troch de adreswiziging troch te jaan oan de NUON, UPC, ESSENT, TNT, Vitens en de meldkeamer regio Fryslân.
Plaknammen yn de gemeente Menameradiel
| Âlde namme | Fryske namme |
| Beetgum | Bitgum |
| Beegumermolen | Bitgummole |
| Berlikum | Berltsum |
| Blessum | Blessum |
| Boksum | Boksum |
| Deinum | Deinum |
| Engelum | Ingelum |
| Dronrijp | Dronryp |
| Marssum | Marsum |
| Menaldum | Menaam |
| Schingen | Skingen |
| Slappeterp | Slappeterp |
| Wier | Wier |
Ek sjen:
- Menaldumadeel wurdt Menameradiel MENAAM – De gemeente Menameradiel makket syn Fryske namme op...
- Fryske tsjerketsjinsten 11 septimber 2011 Bitgummole Prot. gemeente, 9.30 o., ds. P. Beintema Boksum Sint...
- Fryske tsjerketsjinsten 28 febrewaris Bakkefean, Herf. Gem., 9.30 o. dû Nieboer Bitgummole, PKN-gem., 9.30...
- Fryske tsjerketsjinsten, 20 maart Arum Lambertustsjerke, 9.30 o. dhr. H. Giliam Balk Meniste tsjerke,...
- Fryske tsjerketsjinsten 19 febrewaris 2012 Boksum Sint Margryt, 9.30 o., ds. A. Terlouw De Gordyk...









Erik
10 jannewaris 2010 01:38
Lokwinske! Ik lies nammers dat se yn Frjentsjeradiel net keazen ha foar Frysktalige plaknammen. En hoe wie dat no ek alwer yn Wymbrits? Is dat no trochgong?
Erik
10 jannewaris 2010 01:41
Jim moatte it knopke ”Plaats reactie” hjirûnder ek noch mar efkes ‘ferfryskje’.
Mei de plaknammen hoecht niks ‘ferfryske’ te wurden. Dy plakken wienen altyd al Frysk! Wekker wurde redaksje!