Nije hoop frede Pakistan-Yndia

sneon 2 jannewaris 2010

Pakistan yndiaDe buorlânen binne elkoars grutste fijanden. Pakistan en Yndia ha op nijjiersdei it fredesproses nij libben ynblaasd. Se wikselje listen mei lokaasjes fan nukleêre ynstallaasjes út. Dat barde op ’e ambassade fan beide lânen yn de haadstêden Islamabad en New Delhi. Sa sei it ministerrie fan bûtenlânske saken yn Pakistan freed.
De relaasje tusken Yndia en Pakistan is al tsientallen jierren min oant hiel min. De lânen ha al trije kear oarloch hân mei elkoar. Twa kear waard der fochten om sizzenskip oer de regio Kasjmir, dy’t no opparten is yn in Pakistaansk diel en in Yndiaask diel.

Yn 2002 kaam it opnij hast ta in oarloch tusken beide lânen, nei in swiere oanslach op it Yndiaaske parlemint yn New Delhi. Twa jier letter binne Pakistan en Yndia ûnder swiere presje fan de ynternasjonale mienskip oan it fredesproses begûn, dat yn novimber 2008 al wer stil kaam te lizzen troch in terroristyske oanslach yn de Yndiaaske metropoal Mumbai.

Ek sjen:

  1. Yndia: trije satelliten lansearre NEW DELHI -Yndia hat woansdei trije satelliten yn in baan...
  2. Alle talen fan Yndia opnimme Fan alle talen yn Yndia lûdsopnamen meitsje en de talen...
  3. In bytsje mear frede op ierde Konfliktbarometer: wrâldwiid mear konflikten, mar minder oarloggen De wrâld is...
  4. Swiere ierdskok by Yndia NEW DELHI  – De Yndiaaske Nicobar-eilannen binne niis troffen troch...
  5. Dûbele oanslach yn Pakistan PESHAWAR – By in dûbele oanslach fan de Taliban yn...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic