Obama-poppe ophongen yn Georgia
freed 8 jannewaris 2010
Ynwenners fan Plains, berteplak fan de eardere presidint Jimmy Carter in Georgia, binne in swarte poppe tsjin it liif rûn mei de namme Obama derop, dy’t yn in strop oan in gebou hong. Dat berjocht kaam moandei fan de Atlanta Journal Constitution.
Neffens de Atlanta Journal Constitution litte bylden fan de pleatslike televyzjesinder WALB de poppe mei swarte holle sjen, bongeljend oan in koarde om de nekke hinne, mei in read-wyt-blau boerd mei it opskrift “Plains, Georgia, domein fan Jimmy Carter, ús 39e presidint.”
In wurdfierder fan de feiligheidstsjinst fan de presidint seit dat de poppe sneon fuorthelle is en wegeret fierder alle kommentaar. Underwilens binne de feiligheidstsjinsten in ûndersyk begûn.
Ek sjen:
- Libbene poppe yn pûde fûn WOLVEGEA - In famke út Wolvegea hat sneon tsjin de plysje...
- Poppe-ynternaat yn Waregem WAREGEM – Yn it West-Flaamske Waregem wurdt hjoed in poppe-ynternaat...
- Ofskie Ted Kennedy De Feriene Steaten ha ôfskie nommen fan senator Edward ‘Ted’...
- Amerikaanske poppe waacht 7,3 kilo LONGVIEW – Yn de Amerikaanske stêd Longview is in jonkje...
- Rutte kriget lokwinsk fan Obama De Amerikaanske presidint Barack Obama hat premier Mark Rutte witte...








