Oranjeskamte plus ferfolch

freed 29 jannewaris 2010

IMGP59921Wa’t yn ’e histoarje dûkt, fynt noch wolris wat. Jim hoege jim wier net te skamjen, hear. Dat is oars mei it Oranje-túch. Jim soe ik net oankleie, mar sy besteane fan myn sinten, dat ik mei der ek wat fan sizze. En beide hawwe wy wol wat mei publisiteit, it Oranjehûs en ik.

Ik wol it hawwe oer Keninginne Wilhelmina dy’t trouwe ‘moast’ mei ‘Prins’ Hendrik, jim witte wol, dy’t ‘fan de prins gjin kwea wist’. Hat hy útfûn.
Hy skipe syn earme frou mei syfilis op, sadat se earst trije of fjouwer miskreamen hân hat, en doe krige se Juliana. Dy hat dus grif net fan Hendrik west. Juul is in typysk ynsestbern, se prate mei beammen en se naam krekt sa’n man wer, en dy neamde se ‘pappie’. Even trochjaan: foaral ûnder de trije binne famkes net feilich, want de hearen tinke dat it ûnthâld mei fjouwer jier begjint. Dat it liif noait wat ferjit en dat sa’n frou der hast net oerhinne komme kin, makket har net út. Sy moatte wat kwyt, dêr sit in gat yn, klear. En de keninginne mar swije, want oe de skande.

No soe ik dit net lûdop sizze, as it net gewoan iepenbier wie. Want dan krige ik wit net wat op myn dak.
It stiet op Wikipedia, en ast in bytsje witst hoe’t foaral de sljochtweihinne hear yn elkoar sit, sjochst sels de rest wol.
Us mem sei altyd tsjin my: “Goed útsjen foar manlju yn in moai pakje klean. Dy binne net te fertrouwen.” No wit ik fansels net wat Prins Hendrik altyd oan hie, mar hy hat grif netsjes yn ’e klean west, as prins. No, jim meie sels de rest betinke. Even goed op www.st-lis.nl sjen, en der wurdt hiel wat dúdlik.
Mar as ik jim wie, en jim hawwe eventueel ek wol wat om jim oer te skamjen, dan soe ik mar gewoan tinke oan it keningshûs fan Oranje. It falt grif wol ta. Oeral is wol wat, no.

Allinnich: ast it oandoarst: wol oer prate hear. Earme Willemien. Iensum, mar net allinnich.

Klaske Hiemstra

Oranjeskamte (ferfolch)

As ik Oranje hjitte, en ik woe in fatsoenlike Hollanner wurde, dan die ik krekt as René Froger en ‘e frou. Dan gie ik yn ’e bystân en ik woe der noait mear út. Dan stelde ik myn paleizen beskikber foar de slachtoffers fan oarloggen en misdied, dy’t sa faak as lestich beskôge wurde omdat se ús tinke litte oan de mooglikheid dat wy miskien ek slachtoffer binne, op de ien of oare manier. Dan reitsje wy yn de war en dat wolle wy net.
Dan mocht fan my hieltyd in jier lang in groep leave minsken yn myn paleizen ferwend wurde mei lekkere hapkes en in soad memmeleafde en se mochten fansels ek yn it swimbad. En nei in jier mochten se yn myn paleizen dan ek wer oare slachtoffers leafde en koekjes jaan.
Sa kaam it dan mei de slachtoffers wol goed, op de langere djoer.
As ik in Oranje wie, soe ik my grif net boppe it folk stelle, dan woe ik net iens earne oars wenje as yn in achterstânswyk yn Ljouwert. Ik soe my dea skamje, dat ik 100 miljoen noadich hie it jier.

Ik mocht dan fan mysels krekt genôch nimme om fan te libjen, gewoan te libjen, sa’t alle bystânsminsken moatte, mei sa no en dan in “voedselpakket” fan ’e gemeente.
En tsjin alle slachtoffers, dy’t dwers troch alles hinne hieltyd wer keazen ha foar de leafde, soe ik sizze: IT IS JIM SKULD NET.
Der binne oaren, dy’t wol skuld ha, dy’t jim bang makke ha. Jim woene net ek dea.
No, soe ik dan ek noch sizze, jim binne net dea. Fan my, soe ik dan sizze, meie jim it der hielendal fan nimme, yn myn paleizen.

Ek sjen:

  1. Brief nei Opstelten (ferfolch) De brief nei ynformateur Opstelten hat aardich wat media-oandacht opsmiten....
  2. Gjin ferfolch op Submission DE HAACH – De eardere Somalysk-Nederlânske politika Ayaan Hirsi Ali...
  3. Ferfolch op it boekje Mijn vrouw is uitgenaaid! It boekje ‘Mijn vrouw is uitgenaaid!’ is yn noch gjin...

5 reaksjes op “Oranjeskamte plus ferfolch”


  1. merkbiter
    29 jannewaris 2010 15:58

    beste klaske
    asto neat oars te dwaan hast dan ôfjaan op it keningshûs ,dan kinst tenei better net skriuwe.
    dat der ien en oar mis is mei de oranjes is ut en troch bekend ,der hoecht net mear sâlt yn iepen wûnen struid te wurden.
    tsjin in oar oan skoppe is fansels tige maklik sij kin har dochs net ferwarre,en jo bliuwe sels moai skjin.
    dit gesmyt mei drek smyt neat op en is fier ûnder peil.!!!


  2. Erik
    29 jannewaris 2010 20:27

    Ik soe myn lêste struisâlt noch leaver yn de wûnen fan it keningshûs struie, as myn eigen túnpaad dêrmei skjin te meitsjen. Hast folle mear wille oan ;-)

    Merkbiter, fynst dysels no net in ûngelovelike ‘rêchridder fan oranje’?

    Friezen binne fanâlds ien fan de progressyfste folken yn Europa. En yn dy tradysje fiel ik my thús!


  3. merkbiter
    29 jannewaris 2010 21:38

    dit hat mei progressyf en tradysje neat te meitsjen,mear mei alles oer ien kaam skeare.


  4. K. Koopmans
    30 jannewaris 2010 15:00

    Wat is der oan ’e hân? Oranjes binne minsken, krekt as oaren. Guon binne better, guon binne min.
    Minsken dy’t de krêft fan de leafde kinne binne better.
    Wa’t in namme heech te hâlden hat, moat oan de binnenkant wurkje, net oan de gevel fan it Hûs.


  5. pyt
    1 febrewaris 2010 19:15

    Ik tink dat Klaske gewoan lilk wie. En it bedekken mei de “mantel fan ‘e leafde” is sels foar de betrutsenen net altyd goed. Likegoed oefenje se baan har op in tige minsklike wize út.

Realisaasje: Pronamic