Pécs, wol polityk, mar min kultuer

freed 29 jannewaris 2010

pecsceremonieopening

As Kulturele Haadstêd fan Europa neist Istanbul en Essen, hat de Hongaarske stêd Pécs in protte wurk om út it skaad fan Boedapest te kommen. De Hongaarske nijsstek Hírszerzö freget him ôf oft it lân wol by steat wêze sil om in evenemint te organisearjen dat de belangstelling fan Europa wurdich is, en de binnenlânske ferdieldheid te boppen komme sil.

“Yn 2010 hat Hongarije twa haadstêden”, hat minister president Gordon Bajnai 10 jannewaris oankundige. In oankundiging dy’t by de 20.000 taskôgers dy’t op it Széchenyiplein yn Pécs gearkamen, in net sa’n botte beskaafd gejoel útlokke. Ek al is ien fan de beide in “Kulturele Haadstêd”, dan wol dat noch net sizze dat wy it gefoel hawwe echt Europeesk te wêzen. 

De ôfrûne jierren hawwe wy dit projekt sa tatakele dat it syn keinens kwytrekke op de dei dat de oerwinning derfan oankundige waard. Doe’t de doetiidske gemeenteried lucht krige fan de jildstream dy’t dizze kant op komme soe, hat dy alle organisaasjes dêr’t de stêd syn oerwinning oan te tankjen hie, útskeakele. Nettsjinsteande dat kin Pécs 2010 noch altyd in moai kultureel seizoen op poaten sette en massa’s Hongaarske en bûtenlânske toeristen oanlûke (der binne foar it hiele jier 350 kulturele aktiviteiten plend). 

Fiif jier lyn wie de earste útdaging oft wy sûnder de haadstêd in kultureel libben kreëarje koene dat it omtinken fan Europa wurdich wie. Dat dy fraach it wichtichste tema wie op it stuit dat ús stêden om dy titel strieden, lit sjen hoe’n lyts bytsje Europeesk wy binne. Yn woltieriger streken fan it kontinint soe nimmen op it idee komme om in haadstêd foar te stellen as Europeeske haadstêd: it doel fan it hiele evenemint is ommers krekt regionale ûntwikkeling en desintralisaasje. 

Bytsje mediabelangstelling troch ûnbekwamens organisatoaren
Dejingen dy’t hopen dat de tawizing fan Pécs yn 2005 in mentaliteitsferoaring op gong bringe sillen hie, sille teloorsteld west hawwe.  Deis nei it feestlike ynwijen, hienen de ynwenners har beklage oer de hertlauwens yn de kritiken yn de media, en om de kulturele superieurens fan syn stêd te bewizen hie de haadredakteur fan in nijsstee fan Pécs dy yntellektuelen út Boedapestsein dat se harren koffers wol pakke koene.

Ek al hat der yn de oanrin nei it evenemint ta net folle berjochtjouwing oer Pécs 2010 yn de media wêst, dan komt dat net troch in yn de haadstêd smeid komplot. It komt fan de jammerdearlike ûnbekwamens fan de organisatoaren fan it evenemint. De wichtichste reden is wol de rivaliteit tusken de haadstêd en de provinsje, want wy soene better op ’e hichte fan alle barren deromhinne en it sukses fan it evenemint west hawwe, as de organisearjende stêd net Pécs, mar Boedapest west hie. 

Dat bringt fansels frustraasje yn Pécs tewei, en sykje guon treast. Dat is de reden fan de triomfantlike oankundiging fan de boargemaster fan de stêd, Zsolt Páva, dêr’t er yn sei dat 59% fan de Hongaren de iepeningsseremoanje besjoen hie. Wolno, sa’n publyk moat fan tweintich jier lyn datearje, doe’t der noch mar ién stjoerder wie en doe’t de Hongaarske tillevyzje noch net wie wat it no is. De boargemaster siet der in pear miljoen neist, want fan de sjoggers dy’t dy jûn foar harren tillevyzje sieten hat mar 9,4% it feest sjoen.

Underhannelingen oer de oanwizing fan Pécs foar tweintich jier geheim ferklearre
It spektakel wie organisearre troch in eveneminteburo út Boedapest, wat – dat is wier – net bepaald de kapasiteiten fan Pécs foar it ljocht komme lit, mar dêr’t wol wat foar te sizzen falt. Mar wat lykwols net begrepen is, wêrom’t de petielen foar de resepsje sanedich út Boedapest komme moasten. Krekt as kinne wy hjir yn Pécs allinne mar jirpels en bôle mei bûter servearje. In oar ûnderwerp fan ûnienichheid: de regearing hat it protokol foar de ûnderhannelingen oer de oanwizing fan Pécs foar tweintich jier geheim ferklearre. De leginde sil dus noch minstens 15 jier duorje. Twa opmerkings hjiroer. Oan de iene kant: de bûtenlânske sjueryleden wiene minder gefoelich foar it feit dat de sosjalistyske boargemaster fan Pécs der in jier earder alles oan dien hat om de Ferenc fan hiel Hongarije (Ferenc Gyurcsány, regearingslieder fan 2004 oant 2009) premier wurde te litten. Oan de oare kant: de titel “Kulturele haadstêd fan Europa” ropt allinnich mar de minachting fan in oare stêd op en hoecht net perfoarst te wizen op in heech kultureel nivo. 

Om koart te gean, yn it debat oer it Hongaarske kulturele seisoen ûntbrekt it oan wêr’t it winliken om giet: de kultuer. As it ús, oer in jier, slagget om rêstich te praten oer de suksessen en mislearringen fan dit projekt, dan sille al dy besikingen net om ’e nocht west hawwe. Is it tsjinoerstelde it gefal, dan soe Hongarije noait wer meidwaan moatte oan ditsoarte fan eveneminten, want it lân bringt himsels yn diskredyt.

Ek sjen:

  1. Hinget Frl. syn kultuer oan wylgen? Oeral yn it lân wurdt besunige op kultuer. De profesjonele...
  2. Fryske VVD yn it spier foar kultuer LJOUWERT – De Fryske VVD-Steatefraksje sil de partijgenoaten yn De...
  3. Marijke Vos út polityk De Amsterdamske wethâlder Marijke Vos stapt nei de gemeenteriedsferkiezingen fan...
  4. Kultuer is goed foar de sûnens. Letterlik. TRONDHEIM – De besunigings fan it Nederlânske regear op de...
  5. Kanon fan de Noardfryske kultuer BRÄIST – It Nordfriisk Instituut hat in boek útbrocht dêr’t...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic