Politikus wol Australyske kamiel útroegje
tiisdei 19 jannewaris 2010
In Australyske politikus fynt dat de kamielen yn syn lân útroege wurde moatte. Hy praat fan in goede bydrage yn ‘e striid tsjin it opwaarmjen fan de ierde.
Eltse kamiel stjit jierliks in ton broeikasgas út, sa sei John Cobb okkerdeis yn it parlemint. As de folsleine keppel, dy’t rûsd wurdt op in miljoen bisten, ôfmakke wurdt, skeelt dat mear skealik gas as it stillizzen fan 300.000 auto’s.
Cobb, lid fan de opposysje, fynt dat it loftse regear hurdere maatregels nimme moat. De oerheid wol net fierder gean as it ferminderjen fan it tal bisten.
Kamielen binne ea yn Austraalje ynfierd om pioniers te helpen by harren tochten troch de woastinen. Doe’t de bisten ôftanke waarden, koenen se har yn it wyld fuortplantsje. De Australyske kamielen jilde wilens as de grutste keppel op ‘e wrâld.
Ek sjen:
- It katoenbist en de yochertbeam CANBERRA – Trije fearnspart fan ‘e Australyske tsienjierrigen tinkt dat...
- Australië beriedt him op tsûnamy-alaarm It Australyske regear tinkt nei oer nije maatregels by in...
- Bengaalske tiger lytser De Bengaalske tiger wurdt hieltyd lytser. Dat komt neffens ûndersikers...
- Great Barrier Reef bliuwt (noch efkes) SYDNEY – It grutste koraalrif fan de wrâld leit foar...
- Waalske politikus: Flaanderen wol massamoard BRUSSEL – De Flaamske partijen binne dwaande mei in “massamoard”. Dy...








