Ruslân wol botsing tefoaren komme

sneon 16 jannewaris 2010

Ruslân wol de Ierde rêde troch de baan fan de planetoïde Apophis te feroarjen. Sa wol it lân in mooglike botsing yn 2036 tefoarenkomme. Apophis – ferneamd nei de Egyptyske god fan de gaos – komt dan oant tritichtûzen kilometer op de ierde ta. Wittenskippers rûze de kans op in botsing op 1: 250.000. Foar de Russen is dat heech genôch om ta maatregels op te roppen. Se wolle de baan fan de planetoïde op in net-nukleêre wize feroarje, sûnder fierder noch te spekulearjen hoe’t dat moat. Sadree it ûntwerp foar de missy klear is, meie Europa, Sina en de Feriene Steaten meidwaan. It is foar it earst dat in lân opropt ta it wier feroarjen fan de baan fan in himellichem.

 imagesCAX8PNVUDêrneist hawwe sawol Europa as de Feriene Steaten plannen foar romtesondes nei Apophis, dy’t tsjinje moatte as radiobeaken dêr’t wittenskippers de baan fan Apophis sekuerder mei berekkenje kinne. Sa tinkt de NASA der oer om foar 2013 op de planetoïde in radiostjoerder del te setten. De planetoïde moat foar 2029 achthûndert meter út syn koers brocht wurde. Dêr binne wy op ierde no noch net ta by steat. Lykwols daliks nei 2029 moat de planetoïde oer in ôfstân sa grut as de trochsnee fan de ierde ferskood wurde. Dat sil ús mooglikheden tige op de proef stelle.

Ek sjen:

  1. 6000 kilo op ‘e holle In satellyt stiet op ‘e sprong om werom te kommen...
  2. Suvel komt sûkersykte tefoaren BOSTON – Tsiis, molke, yochert en oare suvelprodukten beskermje it...
  3. Treft asteroïde 2005 YU55 de moanne? Kommende woansdei sjit in asteroïde mei in diameter fan 400...
  4. Wyt-Ruslân beheint ynternetfrijheid MINSK – It regear fan Wyt-Ruslân beheint de dochs al...
  5. Benzine djurder as ea tefoaren LJOUWERT – De benzineprizen berikten op freed de 13e jannewaris...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic