Sina eksportearret mear as Dútslân
snein 3 jannewaris 2010
Sina sil Dútslân dit jear nei ferwachting ynhelje as de grutste eksporteur yn ’e wrâld, nettsjinsteande it feit dat de fraach nei Sinees guod troch de ekonomyske delgong ôfnommen is. Dat hat de Sineeske fise-minister fan Hannel Zhong Shan snein sein.
It oandiel fan Sina yn ’e wrâldhannel yn 2009 nimt neffens him ta oant boppe de 9 prosint, ferlike mei 8,86 prosint yn 2008. Dochs stie ek de Sineeske eksport it ôfrûne jier swier ûnder druk. Zhong sjocht oankommen dat de útfier fan guod fan de op twa nei grutste ekonomy fan ’e wrâld yn 2009 mei 16 prosint op jierbasis ôfnimt, de grutste delgong yn op syn minsten 30 jier. Dat komt neffens him troch “in tige swakke ynternasjonale fraach en tanimmend proteksjonisme.”
Ek sjen:
- Sina skewielt wrâldekonomy PEKING – It liket de wrâld op syn kop: Sina,...
- Amearika nimt maatregels tsjin Sina Amearika hat hegere ynfierheffings ynfierd op stielen buizen út Sina....
- Sina wol Europa op betingst stypje LONDEN – As de Europeeske lannen ree binne om tige...
- Sina stipet Grykske ekonomy PEKING – Sina sil Grykske steatsobligaasjes keapje sa gau as...
- Nederlân eksportearret mear wapens Nederlân stiet wrâldwiid op it tredde plak fan wapeneksportearjende lannen....








