Skoalle net oanspraaklik foar frijerfeint-affêre
freed 8 jannewaris 2010
Swol – De skoalle yn Swol fan in frijerfeint-slachtoffer is net oanspraaklik foar de skea. Dat hat de rjochtbank yn Swol woansdei bepaald. De skoalle hat neffens de rjochter net ferkeard hannele, sa’t it slachtoffer kleemde.
It skoalfamke, dat fan 2001 oant 2004 yn Swol nei skoalle gie, easke 50.000 euro smertejild en in skeafergoeding foar stúdzjeferdreging.
Fan de earste klasse ôf miste it famke mei opsetsin lessen en waard troch in frijerfeint út ’e klasse helle. Geregeldwei gie hja, sûnder dat har mem it wist, net nei skoalle. Ynstee dêrfan waard hja misbrûkt ûnder lieding fan har frijerfeint.
Ek sjen:









