Stikjes

sneon 16 jannewaris 2010

Reis-2006-0709-2109-033-299x164Fan Hâns Weijer, Bovensmilde
De tiid hâldt (gjin) skoft
Freedtejûn hawwe wy nei de Fryske krite fan Assen, ‘Us Memmetael’, west.
Wy wienen mei fan de earsten en dat moast ek wol, want Froukje, myn sydsulver, is sûnt koart boekferkeapster fan dy krite en ik hantlangje har.
Trije koffers hienen wy by ús, dat gau de boeken en CD’s oersichtlik op taffeltsjes útstalle.
Der lei wer in aardige foarried. En fersjoch jo der net op, der wurde noch altiten gâns boeken yn it Frysk skreaun en Frysktalige CD’s produsearre.
Mei de ferkeap gie it dy jûns dat it slydjage. Sels fòàr it begjin fan it jûnsprogram waard der al ferkocht. En yn it skoft hienen wy it suver bannich.
Foar de jûns wie it ‘Fjouwerspan’ fan de Lemmer ynhierd, mei stikken út it wurk fan Tetman en Jarich de Vries ûnder de namme ‘De tiid hâldt gjin skoft’.
En om te witten dat soks wierheid is, hoech ik mar yn ’e spegel te sjen.
Hat men dy tiid dan ek noch op mear as ien plak trochbrocht, dy tiid om samar te sizzen yn plakjes snien is, dan liket it noch flugger te gean.
En dat is noch net alles, want wêr is men eins noch thús?
Ommers yn eardere wenplakken is men dat net mear en dêr’t men de lêste jierren wennet, rekket men eins net mear echt thús.
Lykwols dizze jûn, mei in program fan ien en al nostalgy, wienen de minsken allegearre wer efkes thús, werom yn it heitelân, elk op syn eigen plak. It wie krekt as hie de tiid stil stien, ja as hie de tiid dochs skoft hâlden.
Wat se hearden en seagen wie der ommers al lang net mear, mar de minsken woenen dizze jûn tebek yn de tiid en wienen dêr manmachtich op ôfkommen.
It wie as in reis yn in tiidkapsule, nei de tsjoen fan it ferline, doe’t alles noch …
Hawar, mei twa pakjes Fryske woarst, noch in pear oare pryskes út de ferlotting en de trije, al wat minder swiere koffers, gienen wy wer op hûs oan.
De oare deis, mei in protte fersin en gestin, it tellen fan it ‘grutte’ gewin.

(Ut: ‘De Krant’ yn Kanada/FSA – www.dekrant.ca )

No related posts.

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic