‘Stinzen in Friesland’

freed 29 jannewaris 2010

stinzenDe Fryske Akademy organisearret yn gearwurking mei Bibliotheekservice Fryslân in fjouwertal histoaryske lêzingen yn Fryske biblioteken. De twadde yn de rige fan fjouwer wurdt holden op moandei 8 febrewaris 2010 om 19.30 oere yn de bibleteek op It Hearrenfean. Drs. Paul Noomen hâldt dêr dan in lêzing oer ‘Stinzen in middeleeuws Friesland’. Ferline jier is it boek ‘De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners’ fan syn hân ferskynd. Noomen hat nei oanlieding dêrfan fyftjin lêzings oer dit ûnderwerp fersoarge, dêr’t in soad belangstelling foar wie. De lêste lêzing oer de stinzen wurdt op 8 febrewaris op It Hearrenfean holden. Noomen is ûnderwilens al wer drok dwaande mei nije ûndersyksprojekten.

Ek sjen:

  1. Kleasters en stinzen yn it Boarn-gebiet Sprekker Prof. dr. J. A. (Hans) Mol (Fryske Akademy) midsieuwske...
  2. 52ste rige Akademy-lêzingen De 52ste rige Akademy-lêzingen set op freed 27 novimber 2009...
  3. Lunchlêzingen oer Friezen om utens Friezen om utens hawwe har stimpel op oare kultueren set...
  4. Fúzje De Friesland en Achmea fertrage De fúzje tusken soarchfersekerder De Friesland en Achmea fertraget in...
  5. De Friesland fersekerder Frysk? Wolle jo ek Frysk prate as jo de soarchfersekerder belje....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic