Stipe foar Haïty

woansdei 20 jannewaris 2010

haityOp tongersdei sil yn Nederlân jild sammele wurde foar Haïty. Yn Dútslân wie de TV-aksje op tiisdei. By de Dútske TV-aksje waard €17.859.462,00 jûn.

Balkenende sil tongersdei by de Nederlânske TV-aksje wêze. Omrop Fryslân radio sil dy deis ekstra omtinken oan de aksjedei jaan.

Neffens de Feriene Naasjes hat de ynternasjonale mienskip al krapoan 850 miljoen euro tasein oan de slachtoffers fan de ierdbeving yn Haïty. Sa likernôch de helte dêrfan komt fan de 27 EU-lannen.

Der is ek in soad krityk oer it skinken fan it jild. Meiwurkers fan de ”Samenwerkende Hulp Organisaties” krije hieltyd de fraach oft it jild wol goed teplak komt. Yn Amsterdam-Noard waarden minsken troch de webside Geenstijl.nl frege oft se ek jild oan Haïty jaan. De minsken foar de kamera hienen gjin ynteresse of koenen it jild sels wol brûke.

Ek sjen:

  1. Baby Doc yn Haïty, wêrom werom?
  2. Ajax stipet HAÏTY
  3. Balkebrekker terget Haïty
  4. Mânske stipe fersmoart eurokrisis
  5. Stipe foar duorsume greidbuorkerij

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic