Unyk winterfenomeen: polar low
sneon 30 jannewaris 2010
Us lân hat fan ’e moarn en fannacht betiid te krijen hân mei it foarbykommen fan in frijwat unyk winterfenomeen: in polar-low. Dy steuring, kommend út de poalstreken, is folle mei in belle tige kâlde loft wêryn’t dy oant 40 graden ôfkuollet by in temperatuer oan see fan om de fiif graden boppe nul.
Dy kombinaasje liedt ta swiere sniefal, in hurde wyn en bytiden ek ûnwaar. De polar-low, in him tige hurd ûntwikkeljend legedrukgebiet út de Arktyske regio wei, waard freedtejûn sinjalearre ûnderweis nei ús lân ta. It is foar it earst sûnt de superkâlde winter fan 1979 dat soksoarte poalsteuring ús regio oandocht. Gewoanwei rikt in polar-low oan de kusten fan Noarwegen ta en komt net fierder nei it suden ta. It ferklearret nochris de kâlde winter fan 2009-2010. De steuring feroarsake in soad sintimeters snie yn ús lân: oant 10 sm yn it westen en hjir en dêr 15 sm yn it midden en easten fan Nederlân.
Ek sjen:










Jabik
22 febrewaris 2010 10:07
Nijsgjirrich berjocht. Der stiet yn ûnwaar yn de sin: “Dy kombinaasje liedt ta swiere sniefal, in hurde wyn en bytiden ek ûnwaar”. Der sil wol tonger bedoeld wêze. Onweer = tonger, en hondeweer = ûnwaar. Sjoch ek it Dútske Gewitter foar tonger en Ûnwetter foar min waar. Wa’t it ien kear wit ferjit it nea wer mar falt it wol alle kearen op as it ferkeard brûkt wurdt.