100 jier!

snein 28 febrewaris

450px-De_ruyter_vlokkenSnein 28 febrewaris wurdt beppe Anne (Antje Plantenga-van der Ley) 100 jier.

Gewoanwei lokwinsket men immen mei syn jierdei, mar yn beppe har gefal wol ik leaver fertelle watfoar in leave beppe dat se foar ús west hat.
Us pake is al stoarn doe’t ik twa jier wie. Ik ken beppe dus eins allinnich as widdo. Se wenne yn in lyts mar smûk hûs oan de Uniabuert yn Stiens. Ik mocht graach by beppe komme en haw dêr in soad by har útfanhûze. Jûns foar it op bêd gean skylde se in appeltsje of in sinesappel foar my en moarns smarde se standert in bak mei in bytsje boerebûter dy’t by de kachel sacht wurden wie en dan mei echte ‘de Ruyter’-flokken; foar my wier in traktaasje.
By beppe wiene wy altyd wolkom. Se fûn it altyd gesellich as ik oan kaam en omdat ik it sa graach woe makke se it lekkerste kofleis en de stiifste grysmoalpudding, hearlijk! By beppe thús fielden je je wolkom en yn tel en ik wol har dan ek betankje foar dy waarme oantins.
Beppe is no spitigernôch net mear de frou sa’t ik se my graach yn it sin bring. Se wennet no sûnt sân jier yn it Skilhiem en is geastlik net mear by steat om mei ús te praten en (nei alle gedachten) ek net werom te kennen. We wolle har net graach misse, mar ik hoopje foar beppe dat it by dizze 100 jier bliuwt.

Inge Moed-Plantenga

Ek sjen:

  1. Paula ferlit nei 28 jier Sesamstraat
  2. Tinkskrift 75 Jier KFFB
  3. Jan Brens 40 jier dirigint
  4. Rink van der Velde-jier
  5. Firefox 5 jier

1 reaksje op “100 jier!”


  1. Jabik
    1 maart 2010 11:48

    Sa binne der hiel wat beppe Antsjes. In moedich en earlik ferhaal mei in trientsje.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic