17e Friesen droapen op Hilgelân

snein 28 febrewaris 2010

helgoland17e Friesen-droapen op Hilgelân (Helgoland) 2010

Programma 28-30 maaie (tink der om: it is mooglik dat it programma op ûnderdielen noch feroaret)

Freed 28 maaie:

Moarns betiid Mei de bus út Ljouwert (fierders ek opstappe yn Drachten en Grins)

10.30 oere Mei de boat fan Cuxhaven nei Hilgelân

± 13.00 Oankomst Hilgelân

14.00 It hisen fan de flagen op de kade en offisjele ûntfangst troch
boargemaster Frank Botter

15.00 Mediawurkwinkel û.l.f. Claas Riecken (allinne foar dyjinge, dy’t har dêrfoar opjouwe)

Rest fan de middei en jûn nei eigen ynsjoch te besteegjen*

(15.30-18.00 Miene gearkomste Ynterfryske Rie yn it gemeentehûs = besletten)

Sneon 29 maaie: (graach by jo oanmelding opjaan oft jo earne oan meidwaan wolle, en wêr oan; fol is fol!)

10.00-12.00 oere
- Sport: ferskate (Fryske) sporten foar de dielnimmers út Noard-, East- en West-Fryslân en
Hilgelân û.l.f. Gary Funck. It WF-part wurdt fersoarge troch it FYK;

- Fryske spesjalisteiten: itensiede yn ’e James Krüss-skoalle

- Mediawurkwinkel (ferfolch)
14.00 – 16.00 oere
- Dûns-kultuer-útwiksel: lear dûnsen út ferskate lannen kennen û.l.f. Jan van der Meulen fan de
Ljouwerter Skotsploech. Op it skoalplein fan de James Krüss-skoalle;

- Polityk Kafee: yn it gemeentehûs mei-inoar diskusjearje oer aktuele tema’s (bgl. Demografyske
feroarings, duorsume enerzjy, ensfh.). Fiertaal yn oerlis (Dútsk, Ingelsk);
û.l.f. Markus Grafenburg en Frank Botter.

- Mei-inoar it nije taalspul Euregua spylje yn de James Krüss-skoalle;

- Mediawurkwinkel (ferfolch);

Ferkeap kofje/tee, Hilgelanner taart ensfh. by de James Krüss-skoalle .

16.30-17.30 oere
Fûgelekskurzje (kosten € 2,50 p.p., op dat stuit te beteljen. Wol by oanmelding opjaan!) In ekskurzje troch de fangtún fan it eilânstasjon mei it besjen fan de fûken, útlis oer it beringjen, de fûgeltrek en
it wurk fan it stasjon.

Fan 19.00 oere ôf

- Foarstelling fan de ferskate dûnsgroepen (nei alle gedachten by de Nordseehalle). Oft dêr alle
dielnimmers fan de dûns-útwiksels oan meidwaan kinne, is op dit stuit net bekend;

- Jûnsprogramma yn de Nordseehalle mei muzyk, dûns, teater, priisútrikking fan it
sportûnderdiel, film fan de Mediawurkwinkel, ensfh. ensfh.
] Alle regio’s leverje ien of mear programma-ûnderdielen. Ut Westerlauwersk Fryslân binne
artysten Rob du Jardin en Grytsje Kingma fan de partij, lykas in optreden fan de twa groepen
jongelju fan Dûnsskoalle Enequist út Boazum.

Snein 30 maaie

10.00 – 11.30 oere
Oekumenyske tsjerketsjinst (mooglik mei Helgolanner dopen) yn de Evangelyske
tsjerke

11.45 – 12.30
Optocht fan de tsjerke nei it plein by it gemeentehûs

12.30 – 13.30
Dûnsfoarstellings by it gemeentehûs (noch net bekend oft dielnimmers oan de dûns-kultuer-útwiksel dêr ek oan meidwaan kinne)

Fan 15.00 oere ôf
Ofreizgjen fan de skippen

± 18.00
Mei de bus fan Cuxhaven fia Grins en Drachten nei Ljouwert

HILGELAN 2010 WURDT MEI MOOGLIK MAKKE TROCH PROVINSJE FRYSLÂN EN
DOUWE KALMA STIFTING.

Dielnimmerskosten ynkl. ferfier bus en boat:
folwoeksenen € 85,= de man/frou
studearjende jongerein € 65,= de man/frou.

Opmerkings:
. Om’t de jeugdherberch al fol sit mei groepen en dit jier net beskikber is foar
‘losse’ dielnimmers, moatte jo sels jo oernachting oars regelje (hotel, pensjon,
ensfh.). In katalogus mei mooglikheden is op te freegjen by de Fryske Rie op of
streekrjocht fia www.helgoland.de (jongerein c.q. FYK: graach efkes apart kontakt opnimme mei de organisaasje);
. De dielnimmerskosten binne eksklusyf ûnderdak, iten en drinken;
. De organisaasje slút net in kollektive reisfersekering ôf. Wy advisearje jo as jo
dat wolle sels in reisfersekering ôf te sluten;
. Dielname oan programma-ûnderdielen is fakultatyf;
. Opjaan is opjaan. Nei it opjaan krije jo in rekken, dêr stiet op foar wannear’t it
oanbelangjende bedrach op de bankrekken fan de Fryske Rie stean moat.
By ôfsizzen koarter as fjirtjin dagen yn’t foar kin it jild net weromstoarten wurde. It is mooglik sels ynfallers te sykjen.

*Mooglikheden om sels te ûndernimmen op Helgolân:

- Boattocht om Helgolân hinne;
- Besite oan it Heimat- en/of Hummermuseum;
- Besite oan it Helgolanner Nordseeaquarium;
- Rûnlieding troch de bunkers;
- Besite oan it eilantsje Düne;
- Robbenfahrt ;
- Besite oan Mare Frisicum Spa Helgoland (swimbad);
- It kuierjen fan de Klippenrandweg;
- en noch folle mear.

Mear ynformaasje en/of reservearrings (benammen foar de rûnliedings dy’t net troch
de Ynterfryske Rie oanbean wurde): Helgoland Touristik, Lung Wai 28 – (yn it
gemeentehûs), 27498 Helgoland, Telefon: +49 180-5643737, mail:
info@helgoland.de

Opjaan en ynformaasje by de Fryske Rie, Saapke Miedema, saapke_miedema@planet.nl
foar 24 april 2010.
Jou by it opjaan njonken jo namme-adres-wenplak-bertedatum al safolle mooglik oan, oan watfoar programma-ûnderdielen jo meidwaan wolle (fol is fol). Yn prinsipe binne alle programma-ûnderdielen fergees (sit by de dielnimmerspriis yn), útsein de fûgelekskurzje en it itensieden (lytse eigen bydrage, hichte dêrfan noch net krekt bekend).

Sjoch op www.fryskerie.nl foar wizigings yn it programma en oare ynformaasje.

Ek sjen:

  1. In berjocht fan Romke De fúzje fan de lokale omroppen yn de nije Súdwesthoekegemeente...
  2. Koartebaanriderij yn Nijlemmer Woansdeitejûn is de earste koartebaanriderij fan dizze winter yn Nijlemmer....
  3. Die Friesen, FNP en de SSW De FNP freget yn gearwurking mei de oare Fryske partijen...
  4. Die Friesen stypje ”Großkreis” RAUDERFEAN – Die Friesen wolle ien bestjoerlik distrikt East-Fryslân. East-Fryslân...
  5. Sneon 6 maart Boeke-BOLsert Boeke-BOLsert – Sneon 6 maart slacht Boalsert syn slach mei...

1 reaksje op “17e Friesen droapen op Hilgelân”


  1. Erik
    1 maart 2010 13:31

    Net stinne, derhinne bliksem! Ik seach niiskrekt dat se dat alle trije jier organisearje. Hjir wol ik wol in kear tiid foar frijmeitsje en derby wêze.

    \
    Se moatte dêr noch wol ien en oar op de webside Frysk meitsjen. Is no noch allegear yn it Dútsk!

Realisaasje: Pronamic