Arranzjearkursus yn de Meldij

moandei 22 febrewaris

meldijOp tonggersdei 25 maart begjint oan de Meldij, sintrum foar de keunsten yn Drachten in kursus arranzjearjen mei de kompjûter.

De kursus is bedoeld foar eltsenien dy’t foar syn/ har koar, gospelgroep, orkest of ensemble wolris in lietsje of song “op maat” meitsje wol om út te fieren. Net altyd is de besteande muzyk geskikt, te dreech, te heech of net geskikt foar de gearstalling fan orkest of koar. Diriginten moatte dan faak sels oan ‘e slach.

Troch dizze kursus wolle wy belangstellenden paadwiis meitsje yn it  “digitaal arranzjearjen” , dws. arranzjearje mei notaasjeprogrammatuer, yn dit gefal wurdt der wurke mei it programma Finale.

De bedoeling is om benammen praktysk dwaande te wêzen en oplossings oan te dragen. Oan de oarder komme û.o. stimfiering, harmony, en “de keunst fan it fuortlitten”.

De kursus wurdt jûn troch: Jelle Visser, saksofoanist, komponist/arrangeur en learaer oan de Meldij en it Sintrum foar de Keunsten a7.  

Tal dielnimmers per kursus : 4-6 pp.

Tal lessen                          5 x  2 uur

Priis                                     € 75,-

Start kursus:                    tongersdei 25 maart 9.30 -11.30 oere

Plak:                                    CvK de Meldij, Reidingweg 1, 9203 KR Drachten.

Opjaan by                         Administraasje fan de Meldij; tel 0512-514293 of per e-mail: info@meldij.nl. S.v.p. namme en till.  trochjaan.

Sluiting oanmeldingstermyn 18 maart

Ek sjen:

  1. Iepen koardei yn Lekkum, ûnder lieding fan David van Roijen
  2. Human Dynamics blykt ûnsin
  3. Bernlef jout Fryske les
  4. Boomsma kursus Frysk fan Bernlef
  5. Krystkonsert Hymne

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic