Ateïsten binne tûker

sneon 27 febrewaris 2010

Ateïsten hawwe trochinoar in heger IQ as leauwige minsken. Tûke minsken binne oer it generaal ek wat linkser as domme. Dat stiet yn it tydskrift Social Psychology Quarterly fan maart. Fierders binne tûke manlju trouwer oan harren frou as hearen mei in leech IQ.

It tydskrift basearret him op ûndersyk fan de Ingelske evolusjonêr psycholooch Satoshi Kanazawa. Syn ferklearring is basearre op de observaasje dat ateïsme, linkse opfettingen en trou alle trije tsjinnatuerlik binne.

Om mei it lêste punt te begjinnen: manlju hienen evolusjonêr foardiel by ûntrou. Ommers, wat mear bern oft se krigen, wat mear fan har genen oft trochjûn waarden.

Godstsjinstichheid komt fuort út idee dat alles in betsjutting hat, seit de Amerikaanske gedrachswittenskipper James Bailey yn in reaksje op de ûndersyksresultaten. As ús fiere foarâlden in nuver lûd hearden, wie it fan evolusjonêr foardiel as se betochten dat der gefaar drige. Se waarden paranoïde en seagen oeral de hân fan God yn.

Linkse minsken komme op foar elkenien, wylst rjochtse tinkers foaral opkomme foar minsken op wa’t se sels lykje. Dat lêste is evolusjonêr foardieliger, omdat de genen der gjin baat by hawwe as minsken tiid ynvestearje yn it wolwêzen fan folsleine frjemden, leit Bailey út.

It kin wêze dat wat yn it ferline nuttich wie om te oerlibjen, dat no net mear is, seit de gedrachswittenskipper. Yn dat gefal leit it yn ‘e reden dat krekt tûke minsken har losmeitsje fan achterhelle tinkwizen. Der kin neffens Bailey lykwols ek in oare ferklearring wêze foar de ûndersyksresultaten: tûke minsken hawwe wol faker ûngebrûklike belangstellingen. Miskien brûke se harren ôfwikend gedrach wol om sjen te litten dat se safolle tûker binne as de rest.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer it ûndersyk op de site fan CNN.

Ek sjen:

  1. Dútsers binne tûker wurden Dútsers binne yn de jierren ’90 tûker wurden. It Dútske...
  2. Ateïsten witte it meast WASHINGTON – Op it mêd fan religy binne ateïsten en...
  3. Wy binne fan natuere religieus OXFORD – It leauwe yn goaden en libben nei de...
  4. Meartaligens makket tûker SJARDZJA – Meartaligen binne tûker yn it oplossen fan problemen...
  5. Tûker troch tate SUBIACO – It is wichtich dat memmen harren jonkjes fan...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic