De Willewike 2010

snein 7 febrewaris 2010

willewikeDe Willewike wurdt yn ’e maaiefakânsje holden op de Folkshegeskoalle yn Hoarne (Skylge). Bern/learlingen krije moarns yn in ûntspande sfear Fryske les (materiaal fan Cedin/AFÛK). Middeis en jûns is der in rekreaasjeprogramma (bygelyks in muzykmiddei, in middei strân/bosk, in middei winkeljen Midslân, in middei keatsen, in bûnte jûn, in speurtocht, in ekskurzje mei de rêdingsboat en safolle mooglik bûtenaktiviteiten). De bern/learlingen skriuwe in selsskreaune Fryske kaart nei hûs en hâlde in Frysk deiboek by mei alle aventoeren. Fierder wurde de minsken thús op de hichte hâlden fan de aktiviteiten troch in online fideodeiboek dat alle jûnen op dit webstek te besjen wêze sil. Dit jier sil it kamp wer yn twa groepen opdield wurde. Op dy wize kinne der ynstee fan 15 dit jier 30 bern mei.

Om mear bekendheid te jaan oan de willewike is de rinpromotoer holden. Twa frijwilligers fan de Willewike hawwe by 23 skoallen lâns west om in poster op te hingjen en struibriefkes efter te litten. De earste fjouwer bern hawwe har al opjûn nei oanlieding fan de promotoer.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.willewike.nl

De redaksje fan it nijs stimulearret de willewike. Dêrom hawwe wy fergees de banner fan de willewike op ús side pleatst. De banner komt ek op de side www.goedfrysk.nl, www.fryskebeweging.nl en op www.koraalorkesthymne.nl te stean.

Ek sjen:

  1. WilleWike 2010
  2. Ynskriuwing Willewike iepen
  3. Keninginne wennet 6 july 2010 iepeningssesje by fan Euralex 2010
  4. Frysk Diktee 2010
  5. Grut Frysk Diktee 2010

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic