Delft
snein 28 febrewaris 2010
Op twa oere riden fan Ljouwert leit it prachtige âlde Delft.
De strjitten en grêften binne sfearfol en de minsken hertlik. Der binne nêst de Alde en de Nije Tsjerke prachtige musea, u.o. it Prinsenhof, dêr’t de kûgelgatten noch yn de muorre sitte fan doe’t Willem fan Oranje deasketten is yn 1584. Ek stiet dêr de boekekiste dêr’t Hugo de Groot yn ûntsnapt is út slot Loevestein, al kin it ek in kiste fan syn broer wêze.
It Vermeermuseum is grif it besjen wurdich. Achter de baly dêr stiet in frou dy’t Fryslân in waarm hert tadraacht, mei om’t har heit fan Sint Anne is.
As jo mei de auto nei Delft geane, is it saak om in plattegrûn mei te nimmen, want der lizze nochal wat diken iepen. De trein moat nammentlik ûndergrûns, in miljoeneprojekt dat tsien jier duorje moat.
Guon Deftenaren sjogge de bui al hingjen: aanst sakket Delft wei yn de bouput, krekt as it yn Amsterdam gien is mei de Vijzelgracht. En dan is it dien mei de moaie stêd.
Gau derhinne dus, ear’t it te let is.
Ek sjen:








