Firefox foar mobile telefoan

moandei 1 febrewaris 2010

firefox-mobileMozilla Firefox is no ek beskikber foar Nokia’s Maemo-platform. Fan no ôf hawwe Nokia N900-eigners alle mooglikheden fan Firefox dy’t se fan harren PC wend binne, op harren mobile telefoan.

Firefox foar de mobile telefoan komt mei de favorite eigenskippen, ynklusyf

  • Bjusterbaarlike balke – Gean nei jo favorite webstee mei mar in pear toetsen mei de yntelliginte  en persoanlike sykfunksje
  • Weave Sync – Syngronisearje jo ljepblêden, skiednis, blêdwizers en wachtwurden tusken jo PC en mobyl foar in perfekte sneupûnderfining
  • Tafoegings – Pas jo Firefox oan mei lytse funksjonaliteitsútwreidingen lykas spultsjes en nijslêzers
  • Lokaasje-bewust navigearje – Krij kaarten en ynformaasje oer jo aktuele lokaasje
  • Ljepblêd navigaasje – Besjoch de iepensteande ljepblêden as ikoantsjes sadat jo maklik beslute kinne wêr’t jo hinne gean wolle
  • Feilich navigearje – Krij daliks it webstee-ID; maklike tagong en bewurkjen fan de befeiligingsynstellingen
  • Beskikber yn mear as 30 talen, wêrûnder it Frysk!

Firefox is de earste mobile websneuper dy’t tafoegings stipet. Mei tafoegings kinne jo jo Firefox oanpasse troch eigenskippen ta te foegjen dy’t jo helpe jo browser persoanlik te meitsjen. Tafoegings as AdBlock Plus, URL Fixer, TwitterBar, language translators, en geo guides wurde handich as jo ûnderweis binne mei jo mobyl. Jo kinne tafoegings ûntdekke en ynstallearje direkt fan jo Nokia N900 ôf. Der binne op dit stuit mear as 40 Firefox tafoegings beskikber foar de mobile telefoan en der komme hieltyd mear.

Firefox wurdt no stipe foar Nokia’s Maemo5 platfoarm en is beskikber om yn te laden foar de Nokia N900. Mear ynformaasje en de ynlaadkeppeling stiet op www.mozilla.com/fy-NL/mobile. Dit is it earste platfoarm dêr’t Firefox op wurket. Letter dit jier komme der noch mear stipe telefoanmodellen.

Ek sjen:

  1. Firefox 3.6 beskikber Tongersdei 21 jannewaris is de nijste ferzje fan de browser...
  2. Chrome populêrder as Firefox De ynternetblêder Chrome is konkurrint Firefox foarby. Dat docht bliken...
  3. Hjoed wurdt Firefox 8 presintearre Hjoed komt ferzje 8.0 út fan de populêre ynternetbrowser Firefox....
  4. Firefox 5 jier Moandei 9 novimber waard de browser Mozilla Firefox 5 jier....
  5. Fryske gedichten op ‘e telefoan LJOUWERT – De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske...

2 reaksjes op “Firefox foar mobile telefoan”


  1. Erik
    1 febrewaris 2010 21:17

    It probleem is wol dat Firefox apart ynladen wurde moat op de kontaktdoaze (mobile tillefoan).


  2. Wim
    2 febrewaris 2010 11:38

    Erik: dat kloppet, mar dat is mar ien kear en dan kinst los. Ast Weave Sync ynstallearrest sil it sneupjen folle flugger gean.

Realisaasje: Pronamic