FN lit rapport klimaat ûndersykje

freed 26 febrewaris 2010

YE GREENLAND CLIMATE CHANGENUSA DIA – De Feriene Naasjes stelle in ûnôfhinklike kommisje fan wittenskippers yn om it kontroversjeel rapport oer de opwaarming fan de ierde fan it FN-klimaatpanel IPCC ûnder de lûp te nimmen.
Dat hat de wurdfierder fan it FN-miljeuprogram UNEP freed yn Yndonesië sein.
It IPCC is de ôfrûne tiid ûnder fjoer kommen te lizzen, om’t it rapport foarseit dat de gletsjers yn de Himalaya yn it jier 2035 ferdwûn binne. Dat moast 2350 wêze. Fierder die bliken dat it Planburo foar de Leefberens sloarderich west hie mei it oanleverjen fan ynformaasje oer it gefaar fan oerstreamingen yn Nederlân.
Minsken dy’t grutte fragen hawwe by de opfetting dat de opwaarming fan de ierde oan minsklik yngripen te witen is, grypten de flaters oan om it wurk fan it IPCC yn diskusje te bringen. De Feriene Naasjes hâlde fol dat de klimaatferoaring wis wol troch de minske feroarsake wurdt.

Ek sjen:

  1. Klimaat bliuwt hot Der is wer in protte klimaatnijs; sawol op polityk as...
  2. Rjochtdei by IPCC It IPCC sil yngreven reorganisearje moatte. Dat doch bliken út...
  3. Rapport Hoekstra dochs oanbiede It is al lang gjin geheim mear dat der ûnienichheid...
  4. Klimaatferoaring, wat moatte wy no noch leauwe? Neffens it IPCC it orgaan fan de Feriene Naasjes dat...
  5. Obama freget stipe Ruslân en Sina HONOLÛLÛ – De Feriene Steaten wolle net dat Iran in...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic