Behyplike kennis EHBÛ kostet miljoenen
tiisdei 16 febrewaris 2010
De behyplike kennis fan EHBÛ ûnder de Nederlânske befolking liedt ta seis miljoen ûnnedige besites oan de húsdokter. De kosten dy’t dêrmei anneks binne, jilde 200 miljoen euro. Dat hat de heechlearaar fan de ekonomy foar de sûnens, Wim Groot fan de universiteit fan Maastricht berekkene, sa sizze de inisjatyfnimmers fan de nije online kursus:
IedereenEHBO.nl
Neffens de inisjatyfnimmers fan de kampanje en de webside IedereenEHBO.nl wolle minsken wol in EHBÛ-kursus folgje, mar is it grut oantal kursusjûnen, de reistiid en de tagonklikheid fan de tradisjonele kursussen faak in drompel om deroan te begjinnen.
IedereenEHBO.nl is in online kursus, dy’t opset is troch de Dutch Learning Company en Mark Schröder en Michiel Muller, dy’t it bestuivere hawwe. Dy twa ynvestearders stienen earder oan de widze fan Route Mobiel en de string fan goedkeape benzinestasjons Tango.
It Reade Krús hat útsocht dat Nederlân efterrint as it giet om it ferlienen fan de earste help oan oaren. Mar twa prosint fan de Nederlanners hat in EHBO-diploma. Yn lannen as Dútslân en Noarwegen leit it persintaazje boppe de 80, sa seit it Reade Krús.
Neffens Eugène Kuipers, betinker fan IedereenEHBO.nl, meitsje de tapassing fan nije ynternettechnology en learmetoaden de EHBO-kursus aardich om te folgjen . “Mei mar ien needsaaklike praktykjûn is de drompel foar it folgjen fan de kursus tige leech”, sa seit Kuipers. It Reade Krús, de húsdokters en de fersekeringsmannen sizze dat hja bliid binne mei it inisjatyf foar de maklik tagonklike kursus.
Ek sjen:









