Gemeentlike gearwurking moat oars

freed 26 febrewaris 2010

De rjochter hat hjoed it besteande systeem fan gemeentlike gearwurking yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein ûnwettich ferklearre. Gemeenten sille hurd in oare foarm fan gearwurking sykje moatte.

Yn Sleeswyk-Holstein, dêr’t Noard-Fryslân yn leit, hawwe lytse gemeenten faak net in eigen gemeentehûs mei amtners. Se wurkje yntinsyf gear mei in pear oanbuorjende gemeenten en ha in mienskiplik amtlik apparaat, it saneamde ‘Amt’ (meartal ‘Ämter’).

Dy Ämter wurde oanstjoerd troch ferskillende gemeenten.  De amtlike lieding hat de lêste jierren hieltyd mear macht krigen. Neffens in rjochter fan it Landesverfassungsgericht hawwe de Ämter safolle macht krigen dat it belied fan de gemeenten net mear dúdlikernôch bepaald wurdt troch demokratysk keazen bestjoerders. De rjochter hat de hjoeddeiske gearwurkingsregeling ûnwettich ferklearre.

De politike partijen yn Sleeswyk-Holstein hawwe der ferskillende ideeën oer hoe’t de demokrasy tenei beskerme wurde moat. Die Grünen en de Frysk-Deenske partij SSW, dy’t de saak foar de rjochter brocht hawwe, wolle in gemeentlike weryndieling, sadat gemeenten grut genôch binne om in eigen amtlik apparaat yn stân te hâlden. Oare partijen wolle leaver dat de Ämter in ekstra bestjoerslaach wurde, tusken gemeente en Kreis, mei keazen bestjoerders. In tredde opsje is dat de besteande gemeenten en Ämter bliuwe, mar dat de Ämter minder macht krije.

Ek sjen:

  1. Gearwurking oer de Tsjonger
  2. Leechsaksen: Lokale ferkiezings 11 septimber
  3. Friezen en Denen demonstrearje
  4. Nedersaksysk as wrâlderfskip
  5. `Fryslân moat fiif gemeenten krije’

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic