Gjin stipe mear foar IE6
tongersdei 11 febrewaris 2010
In hiel soad websteemakkers yn Nederlân wolle Internet Explorer 6 (IE6) net langer mear stypje. Sy folgje dêrmei it foarbyld fan Google, dy’t earder al oankundige hie dat IE6 net oanrikkemandearre waard foar tsjinsten lykas YouTube.
Mei de namme WijStoppenOok is in inisjatyf starten om gjin kostbere ûntwikkeltiid mear yn de ferâldere browser te stekken. Der hawwe har al mear as 2000 persoanen en bedriuwen, wêrûnder ek ferskate Fryske, oanmelden.
It is net de bedoeling om minsken mei dy âlde browser te blokkearjen, mar se geane der akkoard mei dat beskate funksjes of layouts net wurkje lykas se yn de mear moderne browsers dogge. Nije browsers, lykas Firefox, hâlde har tsjintwurdich better oan de standerts en binne boppedat feiliger om mei op it web om te sneupen. Brûkers wurde hjirmei oantrune om de browser te fernijen nei in lettere ferzje of as se dy noch op it wurk brûke om de systeembehearder oan it wurk te setten.
Foar de websteemakkers sit der ek noch in foardiel oan, want se hoege dan net mear rekken mei te hâlden oft it úterlik wol goed is yn IE6. Dat kin ek wer in foardiel wêze foar in klant, want it docht bliken dat by it meitsjen fan in webstee hast 6 oant 10 prosint fersmiten wurdt oan it kompatibel meitsjen.
Dêrneist wurdt ek noch omtinken frege foar de feiligens. Sa hienen Sineeske hackers lêsten ynbrutsen by Google fia lekken yn Intenet Explorer. Autoriteiten yn Frankryk en Dútslân warskôgen foarige wike dêrom sels al om net mear mei Internet Explorer op it ynternet te kommen. Microsoft rikkemandearret brûkers sels ek al lange tiid oan om nije ferzjes fan de browser yn te laden.
Troch de negative ferhalen wurde de oare bettere browsers hieltyd mear brûkt, wêrûnder Firefox, Chrome, Safari en Opera.
Ek sjen:
- Gjin stipe foar Frysktaligen GRINS – De provinsje Grinslân mei studinteferiening Bernlef gjin subsydzje...
- Chrome populêrder as Firefox De ynternetblêder Chrome is konkurrint Firefox foarby. Dat docht bliken...
- Wikipedia: Gjin kriich mear? Hjoed-de-dei binne der hieltyd mear minsken op ynternet aktyf. In...
- Ynearsten gjin jild mear foar Grikelân Grikelân kriget ynearsten gjin nije liening fan 130 miljard euro....
- Gjin kanker mear troch ekstra gen MADRID – Spaanske wittenskippers hawwe mûzen fokt dy’t gjin kanker...









Ilja Nieuwland
11 febrewaris 2010 10:44
De problemen mei IE6 ûntsteane foaral omdat de minsken dy ‘t dat noch op harren computer hawwe, hast automatysk dyjenigen binne dy ‘t it minst mei it apparaat omgean kinne – oars soe IE6 der allang net mear op stean.