Google wurket oan fleanende fluch ynternet

tiisdei 16 febrewaris 2010

googleMOUNTAIN VIEW – It Amerikaanske ynternetbedriuw Google wol in fleanende fluch breedbânnetwurk opsette. Dêrmei moatte Amerikanen mear as hûndert
kear flugger ynternette kinne as dat se no dogge. Dat skriuwt de ynternetgigant op syn blog.

Proefknyn
Google sil de technology op in stikmannich plakken yn de VS teste. Minsken en organisaasjes dy’t as proefknyn tsjinje wolle, kinne harren oanmelde.

Om te begjinnen wurdt de tsjinst foar in konkurrearjende priis oan fyftich- oant fiifhûnderttûzen minsken oanbean. Google sprekt fan in eksperimint. It bedriuw wol ynsicht krije yn itjinge oanbieders en brûkers fan ynternet mei in fluch netwurk dwaan kinne.

Nije applikaasjes
Sa ferwachtet it bedriuw dat der nije tsjinsten en applikaasjes ûntwikkele wurde wannear’t ‘in spylfilm fan HD-kwaliteit yn minder as fiif minuten delhelle wurde kin’.

Ek sjen:

  1. Unbidige datadiefstal troch Google MOUNTAIN VIEW – Google hat op wrâldskaal privee-ynformaasje kaapt. Dat...
  2. Google seis persint fan Ynternet Google is ien fan de meast besochte hiemsiden op it...
  3. Google Audio it nijste It bedriuw Google soe drok dwaande wêze om mei bedriuwen...
  4. Google stipet de opstân Google hat in tsjinst lansearre dy’t der foar soarget dat...
  5. Google+ sil no heve! De testfaze fan Google+ is dien. No kinne alle minsken...

1 reaksje op “Google wurket oan fleanende fluch ynternet”


  1. Erik
    19 febrewaris 2010 20:27

    ‘Fleanende fluch ynternet’…….. Is dat Frysk???

Realisaasje: Pronamic