Groepstinken en mear

woansdei 24 febrewaris 2010

Klaske Hiemstra.jpgMultatuli al hat yn ien fan syn Ideeën beskreaun dat minsken as inkeling hiel oars tinke as wannear’t se mei in groep binne.
Groepen hawwe faak ien of twa minsken dy’t de toan sette. De measte minsken ûntkomme der net oan en folgje de ‘lieder’ nei.
Der is fansels net oan te ûntkommen. Der binne goede en minder goede lieders.
Dy’t de toan set, soe him der fan bewust wêze moatte dat er neifolgers krijt.
Sels haw ik dat ek in skoft ferkeard dien.
Ik haw ús heit en noch in oare man foar rotte fisk útmakke.
En oft se dat no fertsjinne hawwe of net, dat is net de bedoeling fan de romte dy’t ik krij om te sizzen wat ik wol.
Ik haw spyt dat ik my sa oan it kwea yn ’e wrâld ferbûn haw.
Sizze op itnijs of op in oar plak yn cyberspace wat der allegear net doocht, dat lit ik no mar oan oaren oer.
Want ik wol libje en libje litte.
En dêrneist kin ik sjen litte dat ik in oare kant haw.
In gesellige, yntelliginte, gefoelige en humoristyske kant.
Dêr moatte jim it tenei dan mar mei dwaan.

Klaske Hiemstra

Ek sjen:

  1. Mear Friezen mei in dripper It tal minsken yn Fryslân mei in geslachtssykte nimt ta....
  2. Neat mear as in nûmer, in pinkoade en in wachtwurd Ik ha healwei maaie bij de ING-bank oankundige dat ik...
  3. Marck Zuckerberg is net mear de bêste Zuckerberg is de oprjochter fan Facebook. Foarhinne wie hy ferneamd...
  4. Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk, no mar hoopje dat er...
  5. Minder seks, mear televyzje KAAPSTÊD – De jongerein yn Súd-Afrika begjint minder te neuken....

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic