Britsk parlemint tsjin homeopaty

snein 28 febrewaris 2010

De wittenskip wist it al lang: homeopaty wurket net. Homeopatyske medisinen binne klearebare wetter dat foar in soad jild as genêsmiddel ferkocht wurdt en gjin ynfloed hat op de sûnens fan pasjinten. No seit de polityk it ek. It Ingelske Legerhûs advisearret it regear om de sabeare alternative genêswize net langer te beteljen, mei’t er neat útwurket.

Homeopaty bestiet sûnt de 18e ieu en bestiet út it ferkeapjen fan wetter. Homeopaten wolle ha dat giftige stoffen as medisyn tsjinje kinne as se mar genôch fertinne wurde. De natoer soe de fergiftige wurking dan omdraaie. Homeopaten meitsje harren middeltsjes troch bygelyks slangefergift of blausoer op te lossen en de oplossing hieltyd fierder oan te lingjen. Op it lêst sit der neat fan it fergift mear yn de oplossing, alteast net mear as yn normaal kraanwetter.

De kommisje fan it Legerhûs dy’t it advys skreaun hat, basearret him op wiidweidich ûndersyk. Hy stelt dat homeopatyske middels neffens de besteande wittenskiplike kennis op syn bêst in plasebo-effekt feroarsaakje en jout in lange list fan oanrekommandaasjes oan it regear fan premier Brown. De dúdlikste oanrekommandaasje is dat de Britske basisfersekering de homeopatyske middels net langer betellet.

Fierder wol de kommisje dat de ferkeap fan homeopatyske middels net langer automatysk talitten wurdt, mar dat der deselde regels foar jilde dy’t ek jilde foar oare medisinen, nammentlik dat de effektiviteit en de feiligens derfan oantoand wurde moat. Fierders wol it Legerhûs dat hûsdokters pasjinten net langer trochferwize nei homeopaten.

Richard Dawkins

Richard Dawkins

De Vereniging tegen de kwakzalverij is optein oer it advys. Dat jildt ek foar de Britske biolooch Richard Dawkins, bekend om’t er as ateïst en skeptikus geregeld de striid oangiet tsjin allegear foarmen fan ferrifelderij. Dawkins seit op syn website dat er syn eigen himd opyt as der ea in gedegen wittenskiplik ûndersyk komt dêr’t út blykt dat homeopatyske middels wurkje.

Klik hjir foar it ferslach fan de Legerhûskommisje.
Klik hjir foar de reaksje fan de Vereniging tegen de kwakzalverij.
Klik hjir foar de reaksje fan Richard Dawkins.

piskiker

Ek sjen:

  1. “Homeopaty is misdiedich” De medyske ûndersyksorganisaasje ZonMw wiist de helte fan de ûndersyksoanfragen...
  2. Britsk protest tsjin blasfemywet “Always look on the bright side of life!” Dat songen...
  3. Turkske sensuer op Britske biolooch foarby LONDEN – De website fan de Britske biolooch Richard Dawkins...
  4. Middel tsjin AIDS by mûzen MINNEAPOLIS – Trije ûndersikers fan de Amerikaanske universiteit fan Minnesota...
  5. Waaksend protest tsjin Ratzinger It wurdt stadichoan dúdlik op hoe’n grutte skaal oft preesters...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic