Yslân sil wer mei Nederlân en Ingelân prate

moandei 15 febrewaris 2010

Yslân moat op ’e nij redendiele mei Nederlân en it Feriene Keninkryk oer it oanhâldende Icesave-skeel tusken de trije lannen. De minister fan Finânsjes fan de Noard-Atlantyske naasje, Steingrímur Sigfússon, makke de oankundiging wylst er foar de Yslânske iepenbiere radio spriek.
De besprekkingen sille op ynformeel nivo bliuwe. Offisjele ûnderhannelingen tusken de partijen, de winsk fan Reykjavik, moatte se it noch mei-inoar oer lykfine.

Yn de oriïntearjende petearen op moandei sil plak ynromme wurde foar útwikseling fan ynformaasje oer in foarstelde, nije oerienkomst oer it werombeteljen fan de € 3,8 miljard dy’t  Londen en De Haach brûkt hawwe  om de Britske en Nederlânske sparders te kompensearjen dy’t yn oktober 2008 jild ferlern hawwe, doe’t harren rekkens by Icesave, nei it ynsakjen fan de memmemaatschippij Landsbanki, beferzen waarden.

cadd2041b65dDe Yslânske regearing wol in oar betellingsplan útstelle as earder oerienkommen is, dat der yn foarseach dat  Landsbanki’s aktiva ferkocht wurde soene om sa foar in rappe betelling fan de skulden soargje te kinnen.�
Yslânske boargers hawwe dêr dwerse kneppels om smiten, omdat de swiere betingsten fan de oerienkomst makken dat alle húshâldingen trochinoar  likernôch   € 45.000,–bydrage moatte soene. Dat is mei-inoar likernôch 40 persint fan it bruto binnenlânsk produkt (BBP) fan Yslân.
Protesten tsjin de weromfertsjinnerstiid brochten de presidint fan it lân derta om te wegerjen de wetlike regeling foar it fêststellen fan de oerienkomst te ûndertekenjen en hy rôp in referindum oer de kwestie út, dat op 6 maart holden wurde sil.

De regearing hopet dat it nije útstel foldwaan sil foar sawol Nederlân as it Feriene Keninkryk en de tsjinstanners yn it nasjonale parlemint, sadat tefoaren kommen wurde kin dat it regear it referindum ferliest.

De Nederlânske en Britske partijen steane, nei’t sein wurdt, iepen foar it idee, mar sy wolle wissichheid dat it regear de stipe fan alle partijen hat. In wurdfierder fan it Yslânske regear fertelde dat it Feriene Keninkryk en Nederlân net ynstimme wolle mei in nije oerienkomst dy’t letter troch de parlemintêre opposysje útinoar raffele wurde kin.

Yn de ôfrûne wiken  hawwe der oer en wer ynformele kontakten west nei in foarige omrin fan besprekkingen yn jannewaris, dy’t sûnder resultaat ôfsletten wie.

De hear Sigfússon woe net sizze wêr’t de petearen no wêze sille.

Ek sjen:

  1. F.K. en Nederlân sille Yslân daagje
  2. Yslân dwaande mei Icesave-wet
  3. Hoe prate jo gewoan yn meartalich Nederlân?
  4. Kening Albert lit hoantsen prate
  5. Formaasjekrisis yn Nederlân /update

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic