IPCC-flater oerdreaun yn de media
tongersdei 4 febrewaris
Weblog Sargasso rekkenet it nei: saneamde nije IPCC-flater op ’e nij oerdreaun yn de media. De ûnthulling fan Vrij Nederland dat twa sifers yn it rapport net goed wiene, hat laat ta in nije rel. En dêr binne de media no gleon op.
Vrij Nederland ûntdiek dat de sifers yn it IPCC-rapport oer it part fan Nederlân dat ûnder de seespegel leit net doogden.
Yn haafdstik 12, pagina 147 fan IPCC AR4 trof VN sifers oer de kwetsberheid fan Nederlân oan: “55% fan Nederlân leit ûnder de seespegel en yn dat gebiet wurdt 65% fan it bruto nasjonaal produkt (BNP) produsearre.” Dat soe yn tsjinspraak wêze mei sifers fan it CBS dat stelt dat mar 20% fan Nederlân ûnder de seespegel leit en dat dêr mar 19% fan it BNP produsearre wurdt. VN skreau yn in kop: Nije flater klimaatpanel ûntdutsen, it feest kin begjinne. Hjoed brûkt de Volkskrant it artikel fan VN wer ûnder de gûnzjende kop: Politisy poerlilk nei nije blunder yn klimaatrapport. Delta-gate is lekker op gleed, mar hellet se it wykeind wol?
Maar weblog Sargasso rekkene nei dat de sifers alhiel net sa oerdreaun binne. Alle kranten wolle meidwaan oan dit Climate-gate feestmiel. Hiele redaksjes speure dêrom mominteel yn it IPCC rapport nei flaterkes en litte harren ynspirearje troch aktivistyske klimaatûntkenners. Wat je ek skriuwe oer it IPCC: it is op dit stuit ommers altyd raak, oplage-technysk sjoen. Selfs it wykblêd Vrij Nederland, dat dochs net rekkene wurde kin ta de sensaasjesjoernalistyk, fûn dat it komme moast mei syn eigen IPCC-flater. Yn haadstik 12, bledside 147 fan IPCC AR4 trof VN boppeneamde sifers oer de kwetsberheid fan Nederland oan. De ûndersiker yn kwestje dy’t dizze sifers oan it IPCC oanlevere hie, wist net hoe gau dat er syn flater tajaan moast, de skrik sit der goed yn.
Ek sjen:











