Jan Arends en Jan Arendz
tiisdei 2 febrewaris 2010
Om de oantins oan skriuwer/dichter Jan Arends yn eare te hâlden is op 21 jannewaris 2009 by de yngong fan it gebou fan Tryater in poëzystien ûntbleate mei ien fan syn gedichten. Op deselde jûn is troch Nico Keuning, skriuwer fan it boek ‘Angst voor de winter, het leven van Jan Arends’ in sêne foardroegen út it toanielstik ‘Smeer of de weldoener des vaderlands’ fan Jan Arends. It folsleine toanielstik waard as ferlern beskôge, mar nei ferskate oproppen, die bliken dat it dochs bewarre bleaun is: it lei by ien thús op ’e souder. Fan dat toanielstik sil in lêzing hâlden wurde yn Amsterdam op 11 febrewaris, troch ûnder oare Titus Muizelaar, Porgy Franssen, Bart Klever, Xander Straat en Trudy de Jong. De regy is fan Carel Alphenaar.
De neitins oan Jan Arends wurdt dêrmei ek in jier letter noch oan alle kanten libben hâlden. Jan Arendz, fan Tryater spilet nammentlik op dit stuit de foarstelling Arends’ Arendz troch de provinsje op plakken as Mildaam, Feanwâlden, Winaam, Hijum, Marsum, Hitzum, Wommels, Hurdegaryp en Stiens.
Yn de foarstelling krûpt Jan Arendz yn ’e hûd fan syn hast-nammegenoat skriuwer Jan Arends. Kabaretier, akteur, tekstskriuwer en regisseur Rients Gratama hat it stik regisearre. Jan Arendz die in pear jier lyn de dryste skuon oan en makke de foarstelling dy’t him al sa lang troch de holle spoeke. Nei syn eigen tekst én dy fan Jan Arends. Yn de alderlytste sealtsjes fan Fryslân. Op plakken dêr’t hysels begûn is. Tichtby it publyk. Jan Arendz fertelt, sa’t allinne Jan dat kin. Hy draacht gedichten foar en ûndersiket de rânen fan Arends’ siel.
Jan Arends wie skriuwer, reklameman en húsfeint, ûnder lêzers bekend fan syn ferhalebondel Keefman (1972). Arends hat ek in beheind tal gedichten publisearre. In grut part fan syn libben hat er yn psychiatryske ynrjochtingen trochbrocht; hy makke sels in ein oan syn libben.
It binne nijsgjirrige jûnen mei in protte Arendzen … as ferteller, as akteur, dreamer, optimist, skriuwer, dichter, pessimist, jonge, âldere, plattelânsman, stedsman, kroechtiger, realist, no ja wat net…
Ek sjen:









www.ensafh.nl
2 febrewaris 2010 11:37
[...] Lês fierder op It Nijs [...]